Kay van Dijk (Renkum, 25 juny 1984) is in Nederlânske follybalspiler.

Hy begûn syn karriêre by de klup Nuovo út Doorwerth en spile dêrnei by Landstede Volleybal/VCZ, VC Omniworld en it Belgyske Noliko Maaseik. Van Dijk ferhuze yn 2008 nei de klup LIG Eaters yn it Súd-Koreaanske Seoul. Nei't er ien seizoen yn Súd-Korea spile hie, tekene er yn juny 2009 in kontrakt by de klup Pallavolo Loreto út Itaalje. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen, dat wie nammentlik op de Spullen fan 2004 yn Atene. Doe waard hy mei de Nederlânske follybalploech njoggende. Yn totaal hat Kay van Dijk op 1 oktober 2010 172 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Kay van Dijk op de webside fan NeVeBo

Clubskiednis club lân perioade 2003-2004 Landstede Zwolle 2004-2005 Omniworld Almere 2005-2008 Noliko Maaseik 2008-2009 LIG Greaters 2009-2010 Pallavolo Loreto 2010- ACH Volley

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1984