De Scotiasee is in see súdlik en súdeastlik fan Súd-Amearika en noardlik fan Antarktika, dy't ornaris as in rânesee fan 'e Súdlike Oseaan beskôge wurdt. De see wurdt yn it noarden, easten en suden fan it oerbliuwende diel fan de Atlantyske Oseaan kieden troch de Scotiarêch, in bôge fan eilannen (ûnder oaren Súd-Georgië en de Súdlike Sandwicheilannen) dy't it berchtme fan it Antarktysk Skiereilân mei dat fan Fjoerlân en de Andes ferbynt. Yn it westen is de Strjitte Drake de skieding mei de Grutte Oseaan en it oare part fan de Súdlike Oseaan. De Scotiazee berint sa'n 900.000 km². Likernôch de helte fan dizze see leit boppe it kontinitaal plat.
Kategory:Rânesee fan de Súdlike Oseaan Kategory:Wetter yn Argentynje Kategory:Wetter yn de Falklâneilannen Kategory:Wetter yn Sily Kategory:See yn Antarktika Kategory:See yn Súd-Amearika