thumb|Vladimir Arnold yn 2008 Vladimir Igorevich Arnold (Russysk:Влади́мир И́горевич Арно́льд), (Odessa, 12 juny 1937 - Parys, 3 juny 2010) wie in Russysk wiskundige.

Hoewol't hy it bekendst waard troch de stelling fan Kolmogorov-Arnold-Moser oer de stabiliteit fan yntegrearbere Hamiltoniaanse systemen, hat hy sûnt syn earste wichtichste resultaat - de oplossing fan it trettjinde probleem fan Hilbert - yn 1957, ek wichtige bydragen levere op in oantal oare gebieten, wêrûnder de wiskundige systeemteory, de katastrofeteory, de topology, de algebrayske mjitkunde, de klassike meganika en de singulariteitsteory.

Yn 1988 krige hy in earedoktoraat fan de Universiteit Utert. Hy wie dêr ek heechlearaar. Yn 2008 waard him de Shaw-priis yn de wiskundige wittenskippen takend.

Bibliografy ( kar-út ) , Mathematical Methods of Classical Mechanics, Springer-Verlag (1989), ISBN 0-387-96890-3 , Geometrical Methods In The Theory Of Ordinary Differential Equations, Springer-Verlag (1988), ISBN 0-387-96649-8 , Ordinary Differential Equations, The MIT Press (1978), ISBN 0-262-51018-9 , Yesterday and Long Ago, Springer (2007), ISBN 978-3-540-28734-6.

Keppeling om utens V.I. Arnold syn webside Persoanlike webside A short curriculum vitae

Kategory:Oekraynsk wiskundige Kategory:Russysk wiskundige Kategory:Oekraynsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Russysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Russysk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2010