De teeplant (Camellia sinensis) is in plant dy't fan oarsprong groeit yn Súdeast-Aazje. De jonge leaten fan dizze plant wurde brûkt om tee te meitsjen. Sinensis is Latyn foar Sineesk. Tsjintwurdich wurdt tee oer de heule wrâld yn tropyske en subtropyske gebieten ferboud. Fan dizze plant wurde wite tee, griene tee, oalong en swarte tee makke. 250px|thumb|left|Teeplanazje yn Yndia

De teeplant is een grienbliuwende strûk of lytse beam dy't sa'n 17 m heech wurde kin, mar meastal oant ûnder de twa meter snoeid wurdt as it om de blêden kweekt wurdt. De plant hat in sterke pinnewoartel. De blommen binne giel-wyt mei in diameter fan sa'n 2,5-4 sm mei 7 of 8 blomblêdsjes.

De siedden fan de teeplant kinne fynmeald wurde foar tee-oalje, in swiete oalje om iten te sieden dy't net betize wurde moat mei Tea Tree-oalje, in etearyske oalje dy't brûkt wurdt foar medyske en kosmetyske doelen en makke wurdt fan de blêden fan in oare plant.

Kategory:Tee Kategory:Plantesoarte Kategory:Teeplant (famylje) Kategory:Lânbougewaaks Kategory:Lânseigen floara yn Birma Kategory:Lânseigen floara yn Fjetnam Kategory:Lânseigen floara yn Kambodja Kategory:Lânseigen floara yn Laos Kategory:Lânseigen floara yn Sina Kategory:Lânseigen floara yn Tailân Kategory:Lânseigen floara yn Yndia