Martijn Dieleman (Goes, 11 maaie 1979) is in eardere Nederlânske follybalspiler.
Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen, nammentlik op de Spullen fan 2000 yn Sydney, hy waard dêr mei de Nederlânske ploech fiifde. Ek hat er meidien oan de World League en spile er op Europeesk nivo. Yn totaal hat Martijn Dieleman 73 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Ynterlannen oersjoch NeVeBo
Hy hat foar klups spile út Nederlân, Spanje, Switserlân, Portegal, Frankryk en Iran. Hy hat mei ferskate klups alderlei prizen wûn, mar syn grutste súksessen hellet er lykwols yn Spanje, dêr't er ûnder oare de Spaanske Super Cup wûn hat. Hy hat op Europeesk topnivo spile yn de Champions League, de CEV Cup en de Challenge Cup.
Yn novimber 2005 hat er in punt efter syn profesjonele karriêre set, omdat er pleage waard troch in skouderblessuere. Martijn Dieleman zoekt leven zonder volleybal VolleyPortal.nl 9 novimber 2005 At er yn de simmer fan 2008 29 is, hâldt er echt op mei it follybaljen.
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1979