Avro Manchester 275px Rol Bommesmiter Makker A.V. Roe and Company Earste flecht 25 july 1939 Yn tsjinst Novimber 1940 Ut tsjinst 1942 Tal makke 202 Brûkers Royal Air Force, Royal Canadian Air Force
De Avro 679 Manchester wie in Britske bommesmiter fan begjin Twadde Wrâldkriich.
Koarte skiednis De earste flecht wie yn july 1939. A.V. Roe and Company makke mar 20 stiks fan de oarspronklike ferzje, Manchester Mk I. Fan de Manchester Mk IA mei gruttere rolroeren en in fan 6,71 m nei 10,06 m fergrutte sturtwjukspanwiidte, waarden 200 fabrisearre. Sy tsjinnen fan novimber 1940 oant mids 1942. De Manchester die bliken in mislearring te wêzen; har fleaneigenskippen wiene net sa min, mar de swierrichheden mei de ûnbetroubere RR-Vulture motoren wiene grut. De fuortsette ûntjouwing fan de fjouwermotorige Manchester Mk III late begjin 1941 lykwols ta de tige kapabele Avro Lancaster.
Technyske feiten
Avro Manchester Mk. IA Feiten Lingte 20,98 m Spanwiidte 27,46 m Startgewicht (max) 25.402 kg Motor Twa Rolls-Royce Vulture I fan 1.312 kW (1.784 HK) it stik Topfaasje 426 km/o op in hichte fan 5.181 m Maks. fleanberik 2.622 km mei 3.629 kg bommen Bemanning 7Bewapening Acht Browning M1919 masinegewearen, kaliber .303 inch (7,7 mm),oant 4.695 kg bommen
Keppeling om utens Yn Frankryk burgen Avro Manchester
Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1939