Avro York 300px Rol Passazjiers- en transportfleanmasine Makker Avro Untwerper Roy Chadwick Earste flecht 5 july 1942 Yn tsjinst 1944 Ut tsjinst 1964 Tal makke 259 (mei prototypes, 1943-1949) Grutste brûkers Royal Air Force, BOACBritish South American AirwaysSkyways Ltd
De Avro 685 York wie in Britsk passazjiers- en transportfleanmasine út 1942. Der wiene sivile en militêre ferzjes fan dy't fan 1943 oant 1964 tsjinnen. De York fleach foar it earst op 5 july 1942.
De draachflakken en de sturt wiene oernaam fan de Avro Lancaster. Omdat de „York“ in folle gruttere en djippere romp hie, moast it sturtwjukpart ek útwreide wurde.
Ferzjes York I Fjouwermotorich transportfleantúch. York C.I Fjouwermotorich militêr transportfleanmasine foar de RAF. York C.II Prototype York, ien fan makke, útrisd mei fjouwer Bristol Hercules XVI stjermotoren.
Technyske feiten right|250px Feiten Lingte 23,9 m Spanwiidte 31,1 m Wjukoerflak 111,9 m² Hichte 5 m Motor fjouwer Rolls-Royce Merlin XX V-12 fan 1.280 HK (950 kW) it stik Topfaasje 479 km/o op in hichte fan 6.400 m Fleanberik 4.830 km Bemanning fiif, 24 passazjiers Tsjinstplafond 7.010 m Leechgewicht 15.060 kg Fleangewicht 29,480 kg
Kategory:Britske ferkearsfleanmasine Kategory:Britske transportfleanmasine Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1942