Handley Page Hastings 275px Rol Troepe- en frachtfleanmasine Makker Handley Page Aircraft Company Untwerper Earste flecht 7 maaie 1946 Yn tsjinst Septimber 1948 Ut tsjinst 1977 (RAF) Tal makke 151 (1947 – 1952) Grutste brûkers RAF, RNZAF Farianten Handley Page Hermes

De Handley Page H.P.67 Hastings wie in Britske troepe- en frachtfleanmasine, ornearre foar lange-ôfstânsflechten; ûntwurpen en boud troch Handley Page Aircraft Company foar de Royal Air Force. Doetiids it grutste transportfleantúch dat foar de RAF ûntwurpen waard. It tastel kaam yn it plak fan de Avro York.

Farianten

HP.67 Hastings Prototype, twa fan makke. HP.67 Hastings C1 Produksjetastel mei fjouwer Bristol Hercules 101-motores, 94 boud, allegear letter omboud ta C1A en T5. HP. 67 Hastings C1A C1 omboud nei C2-standert HP.67 Hastings Met.1 Waarferkenningsferzje foar Coastal Command, seis fan boud. HP.67 Hastings C2 Ferbettere ferzje mei gruttere sturtfin leger oan de romp, gruttere branjekapasiteit en oandreaun mei Bristol Hercules 106-motoren, 43 boud en C1s waarden oanpast nei dizze standert as C1As. HP.95 Hastings C3 Transportfleanmasine foar de RNZAF, lyk oan de C2, mar mei Bristol Hercules 737-motors, 4 fan boud. HP.94 Hastings C4 VIP transportferzje foar fjouwer VIPs en personiel, fjouwer fan boud. HP.67 Hastings T5 Acht C1s útrist foar RAF Bomber Command mei in radome om V bomberbemannings it Navigation Bombing System (NBS) te learen.

Feiten

Daten Bemanning 5–6 Passazjiers 50 Lingte 25,2 m Spanwiidte 34,44 m Hichte 6,9 m Fleugeloerflak 130,8 m² Gewicht leech 18.910 kg Maks. startgewicht 34.010 kg Krúsfaasje 468 km/o (op 4.600 m) Heechste faasje 560 km/o op 22.000 m Klimfaasje 5,2 m/s Tsjinstplafond 8.140 m Fleanberik 5.246 km Oandriuwing 4 × Bristol Hercules Mk. 106 fan 1.700 hk it stik

Literatuer C. H. Barnes: Handley Page Aircraft Since 1907. Putnam & Company Ltd., Londen 1987. Donald C. Clayton: Handley Page. An Aircraft Album. Ian Allan Ltd., Shepperton 1969, ISBN 0-7110-0094-8. Paul Jackson: The Hastings. Last of a Transport Line. Yn: Air Enthusiast 40 septimber/desimber 1989, Tri-Service Press, Bromley, s. 1–7,47—52. Alan W. Hall: Handley Page Hastings. Warpaint Series no.62, Warpaint Books, Bletchley 2007.

Militêre brûkers

Royal New Zealand Air Force

Royal Air Force

Keppelings om utens Alliierten Museum yn Berlyn, mei in Hastings dy't tsjinne by de Berlynske loftbrêge. Alle Handley Page Hastings searjenûmers en harren skiednis

Kategory:Britske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1946