Heinke He 111 275px Rol Bommesmiter Makker Heinkel-Flugzeugwerke Untwerper Siegfried en Walter Günter Earste flecht 24 febrewaris 1935 Yn tsjinst 1935 Ut tsjinst 1945 (Luftwaffe), 1958 (Spanje) Tal makke 7.603 fan 1936 oant 1944 (as CASA 2.111 oant 1956 yn Spanje) Grutste brûker Luftwaffe, Farianten V1, V2, V3, 111A-0, 111B, 111F, 111P, 111H, 111Z, 2.111,
De Heinkel He 111 wie in bommesmiter dy't troch de Dútske Luftwaffe yn de Spaanske boargeroarloch en de Twadde Wrâldkriich ynset waard en oan alle fronten tsjinst die. It wie de rêchbonke fan de Dútske bommesmiterfloat. It prototype fleach foar it earst yn febrewaris 1935.
De He 111 waard ek brûkt as transportfleanmasine en as sleepfleanmasine foar sweeffleanmasinen. Hoewol't it tastel tsjin de ein fan WOII slim ferâldere wie, moast it tsjinst dwaan bliuwe fanwege swierrichheden by de ûntwikkeling fan syn opfolger, de Heinkel He 177. It wie útrisd nei it navigaasjesysteem Knickebein.
Yn de Slach om Ingelân die bliken hoe kwetsber it tastel wie mei de Hawker Hurricane en de Supermarine Spitfire fan de RAF as tsjinstanner. Yn 1940 die it tastel mei oan de bombardeminten op Ingelske stêden sa as Coventry. Yn 1941 wie de RAF technysk safier dat ek har nachtjagers (Bristol Beaufighter) de Heinkel 111 delhelje koenen.
De Heinkel tsjinne teffens as lansearynrjochting foar de V-1 (fleanende bom). De meast nuveraardige ferzje wie faaks de Heinkel He 111Z dy't twa rompen oan ien wjuk hie en in fyfde motor yn de midden. Dit type wie bedoeld om de reuzesweeffleanmasine, de Messerschmitt Me 321 te slepen.
De Heinkel He 111 bleau oant 1965 by de Spaanske loftmacht yn gebrûk. De Heinkel He 111 waard ek oankocht troch Bulgarije, Sjina, Hongarije, Roemeenje en Slowakije
Technyske feiten Heinkel He 111 P-4 (1939/1940) Feiten Spanwiidte 22,50 m Lingte 16,40 m Hichte 3,40 m Wjukoerflak 87,60 m² Gewicht leech 6.775 kg Startgewicht 13.500 kg Motor twa Daimler-Benz DB 601 A-1 fan 1.100 HK it stik Topfaasje 390 km/h, fol beladen ± 330 km/o Krúsfaasje 290 km/o Steiggeschwindigkeit 144 m/min Lâningsfaasje 115 km/h Klimfaasje 2,4 m/s Fleanberik fol beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km Tsjinstplafond 8.000 m Bewapening fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15of twa 13-mm-MG 131 Bomlading 2.000 kg yntern Bemanning; 5
Heinkel He 111 H-6 (1941/1942) Feiten Spanwiidte 22,50 m Lingte 16,40 m Hichte 3,40 m Wjukoerflak 87,60 m² Gewich leech 6.775 kg Startgewicht 14.000 kg Motor twa Junkers Jumo 211 D fan 1.200 HK Topfaasje 400 km/h, folslein beladen 330 km/o Fleanberik fols. beladen 1.200 km, maksimaal 2.400 km Tsjinsthichte 8.000 m Bewapening ien 20-mm-MG/FF (yn de noas), fiif beweegbere 7,92-mm-MG 15, of twa 13-mm-MG 131 Bomlading 2.500 kg Bemanning 5
Heinkel He 111 H-16 (hjerst 1942) Feiten Spanwiidte 22,50 m Lingte 16,40 m Hichte 3,40 m Flügelfläche 86,50 m² Leechgewicht 8.680 kg maksimale startgewicht 14.000 kg Motork twa Junkers Jumo 211 F-2 fan 990 kW / 1.350 HK Topfaasje 436 km/o op 6.000 m Klimfaasje nei 6.000 m Höhe 42 min Fleanberik 2.900 km (mei 1.000 kg bommen) Tsjinsthichte 6.700 m Bewapening ien 20-mm-MG/FF (noas), ien 13-mm-MG 131 of ien 7,92-mm-MG 81 Z Zwilling (romprêch), twa 7,92-mm-MG 81 (ûnderkant romp), twa 7,92-mm-MG 81 (siden) Bomlading 3.000 kg Bemanning 5
Keppeling om utens Warbirds, webside mei ynformaasje oer dit type
Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1935