B-24 Liberator 275px Rol Swiere bommesmiter Makker Consolidated Aircraft Earste flecht 19 desimber 1939 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst 1968 (Yndiaaske Loftmacht) Farianten Consolidated PB4Y-2 Privateer, Consolidated C-87 Liberator Express, Consolidated Liberator I Tal makke 19.256 fan 1940–1945 Grutste brûkers United States Navy, Royal Australian Air Force, USAAF, RAF right|thumb|275px|B-24J-55-CO fan de 93e BG, 328e BS; op 21 septimber 1944 boppe Belgje ferlern gien thumb|right|275px|B-24M-20-CO Bolivar Jr. 431e Bomb Squadron, 11e Bomb Group De Consolidated B-24 Liberator wie in swiere Amerikaanske lange-ôfstans bommenwerper dy't makke waard troch Consolidated Aircraft. Der waarden goed 18.000 B-24's produsearre sadat de B-24 de meast produsearre Amerikaanske gefjochtsfleanmasine fan de Twadde Wrâldkriich is. De B-24 waard, neist hast alle Amerikaanske loftmachtienheden, brûkt troch ferskate alliearde loftmachten en marines, en wie operasjoneel op de fronten fan West-Jeropa, de Pasifyk, it Mediterrane gebiet en Sina-Burma-Yndia.
De B-24 wurdt faak fergelike mei de mear bekende B-17 'Flying Fortress'. It B-24-ûntwerp wie moderner, hy koe hurder en fierder fleane mei in gruttere bommelading; mar,hy wie moeiliker te fleanen en swier yn it betsjinjen en mindere eigenskippen wat formaasjefleanen oanbelange. Yn it generaal hinge de foarkar fan bemanning en legerlieding yn West-Jeropa oer nei de rûch-deeglike B-17.Birdsall 1968, s. 3. De pleatsing fan branjetanks boppe yn de romp en syn lichte bou, ûntwurpen om it fleanberik te fergrutsjen en him te optimalisearjen foar rinnende-bânproduksje, makke it tastel kwetsber foar skea yn in gefjocht.Winchester 2004, s. 56. Fierders wie de B-24 berucht ûnder de Amerikaanske bemanningen út reden dat er sa maklik yn de brân te sjitten wie. Boppedat sieten de Davis-wjukken heech oan de romp fêstmakke wat by in búklâning in neidiel wie om't de romp sa gau briek.Ethell 1995, s. 215. Nettsjinsteande dizze neidielen hat de B-24 yn tal fan rollen goed tsjinje kind troch syn grutte fleanberik en hegere rendemint wat bomlading oangiet.
De meast ferneamde misje mei B-24's wie Operation Tidal Wave, in oafal op lege hichte op de oaljefjilden fan Ploesti, yn Roemeenje op 1 augustus 1943, dy't lykwols jammerlik mislearre.
Technyske feiten B-24J Lingte: 20,6 m Spanwiidte: 33,5 m Hichte: 5,5 m Wjukoerflak: 97,4 m² Leechgewicht: 16590 Startgewicht: 25.000 kg Maks.gewicht: 29.500 kg Motor: 4× 14-silinder Pratt & Whitney R-1830 turbosupercharged radiaalmotoren fan 900 kW (± 1200 hk) it stik Topfaasje: 470 km/o Klimfaasje: 5,2 m/s Aksjeradius : 3.400 km Fleanberik: 6.000 km Tsjinstplafond: 8500 m Boardgeskut: 10× 12.7 mm (0.5 inch) Browning M2 masinegewearen Bomlading: (<650km) 3600 kg, (<1250 km) 2300 kg, (± 2000 km) 1200 kg
Farianten XB-24, B-24, B-24A, XB-24B, B-24C, B-24D, B-24E, XB-24F, B-24G, B-24G-1, B-24H, B-24J, XB-24K, B-24L, B-24M, XB-24N, YB-24N, XB-24P, XB-24Q, XB-41, LB-30A, YB-24, B Mk II, B Mk III, B Mk IIIA, Mk V, B Mk VI, GR Mk V, Mk VIII, C Mk VI, Mk VIII, PB4Y-1, PB4Y-1P, PB4Y-2, AT-22, TB-24, RB-24L, TB-24L, C-87, C-87A, C-87B, C-87C, RY-1, RY-2, RY-3, XF-7, F-7, F-7A, F-7B Lannen dêr't de B-24 tsjinne hat thumb|250px|B-24 produksje yn Fordfabryk Brazylje Kanada China Frankryk Feriene Keninkryk India Itaalje Nij-Seelân Portugal Sovjet-Uny Tsjechoslowakije Turkije Feriene Steaten (1941-?) Súd-Afrika
Keppelings om utens Alle siden ; Consolidated B-24A page Consolidated B-24D page, USAF National Museum WWII photos of the 7th AAF Heavy Bombardment Group Liberators Warbirds Resource Group USAAF Resource Center – B-24 Liberator Liberator II Flight 1942 Look Out Hitler, Here Comes The Flood Popular Science, 1943 - wiidweidich artikel oer de fabrikaazje fan de B-24
Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1939