thumb|right|200px|Loadewyk XI fan Frankryk Loadewyk XI (Bourges, Cher 3 july 1423 - Kastiel fan Plessis-les-Tours (La Riche, Indre-et-Loire), 30 augustus 1483) út it Hús fan Valois, wie kening fan Frankryk. Hy regeare fan ôf 1461 oant syn dea. Loadewyk XI kin beskôge wurde as de grûnlizzer fan de Frânske Ienheidssteat.
Skiednis Loadewyk XI wie de soan fan Karel VII. Hy fierde in hurde polityk fan sintralisaasje en absolutisme en botste dermei mei it stribjen nei mear autonomy fan de machtige eallju yn Frankryk. Sa twong er Filips de Goede fan Boergonje yn 1463 de Somme-stêden te ferkeapjen as útfiering fan it Ferdrach fan Atrecht fan 1435. Letter wist Loadewyk troch omkeaperij de Switsers ta optreden te bringen tsjin de soan fan Filips de Goede, Karel de Stoute wat dizze syn nederlaach en dea yn Nancy ta gefolch hie; neidien ferwurf Loadewyk it hartochdom Boergonje; France Comté, Artois en yn 1481 en Anjou.
Kategory:Kening fan Frankryk Kategory:Frânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Katalaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Oksitaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Sisyljaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Tsjechysk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Persoan fan Savoaisk komôf Kategory:Persoan berne yn 1423 Kategory:Persoan stoarn yn 1483