Eelke Meinerts (of Meinderts) (Kollum, 11 desimber 1732; doopt Westergeast, 14 desimber 1732 - Kollum, 25 oktober 1810)Reg. v. overledenen DTB 1025F: Eelke Meinerts, Kollum, overl. op 26 okt 1810, 78 j, 3 k, 3 kk wie skoalmaster, dichter en boer.
Eelke wie in soan fan de frijwat begoedige boer Meinert Jelles (Gytsjerk, 1692) en Japke Eelkes (Westergeast, 1708); syn heit stoar doe't er 14 jier wie. Hy holp syn mem op de pleats, earst yn Westergeast en letter by Driesum.
Nei syn houlik yn 1752 mei Lijsbet Martens (Aldwâld, 1738) hierde er in pleats yn Westergeast en waard skoalmaster (oan de winterskoalle), wat er yn 1775 noch wie. Yn 1778 buorke er op Aylvazathe ûnder Kollum
Hy skreau in soad gelegenheidswurk, meast yn it Nederlânsk, benammen lokwinsken oan lju fan de hegerein Boekbesprekking De Fryske gedichten fan Eelke Meinerts út de jierren 1779-1783 neffens it Ingwierrumer hânskrift by Fryske Akademy, mar ek in wurk sa as De vernederde en verhoogde Josef, in bibelsk epos (1778-79 útjûn yn twa dielen by Harmannus Groenia yn Dokkum).
Dat er ek yn it Frysk skreau wie bysûnder, dat waard doe de tiid hast net mear dien.
Yn 1954 is der yn Westergeast in strjitte nei Eelke Meinerts ferneamd.
Bibliografy , De Fryske gedichten fan Eelke Meinerts út de jierren 1779-1783 neffens it Ingwierrumer hânskrift. Teksten út de Fryske skriftekennisse. Magnus-Rige 6. A.J. Osinga, Boalsert 1952 It Libben fen Aagtje Ysbrants; of dy frieske boerinne. Tredde forbetterde druk. 1827 (Google Google) It Libben fen Aagtje IJsbrants, Eelke Meinerts. Boalsert: Fa. A.J. Osinga, 1954 (5e printinge), Magnus-Rige Teksten út de Fryske Skriftekennisse, besoarge troch J.H. Brouwer 1778/79: De vernederde en verhoogde Josef - yn seis boeken
Keppeling om utens Eelke Meinderts yn de DBNL Eelke Meinerts by Tresoar.
Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan stoarn yn Kollum Kategory:Westergeast Kategory:Persoan berne yn 1732 Kategory:Persoan stoarn yn 1810