Lance Armstrong (Plano, 18 septimber 1971) is in hurdfytser út 'e Feriene Steaten. Hy waard berne as Lance Edward Gunderson, mar krige letter de efternamme Armstrong nei syn styfheit.

Hy is foaral bekend fan syn Omgong fan Frankryk oerwinnings. Troch him is 7 kear de Omgong fan Frankryk wûn en hy hat ek in kear wrâldkampioen west. Dy prestaasjes binne op himsels al bewûnderingsweardich, mar sy binne dat noch mear omdat yn 1996 kanker by him fêststeld waard mei in prognoaze fan tweintich prosint kâns op oerlibjen. Yn 2005 is er mei de hurdfytserij ophâlden, mar yn 2009 hat hy yn comeback makke. Op 16 febrewaris 2011 makke Lance Armstrong bekend dat er definityf ophâlde soe mei it hurdfytsen.

Yn 2012 waard Armstrong troch de Amerikaanske Doping Autoriteit skuldich befûn oan it brûken fan doping nettsjinsteande dat doping gebrûk nea oantoant is. Dizze organisaasje erkent de oerwinnings fan Armstrong tusken 2008 en 2011 net langer. Nu.nl 24-8-2012 WADA Armstrong Dopingzondaar .

Keppeling om utens Webside fan Lance Armstrong

Kategory:Amerikaansk hurdfytser Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Noarsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1971