Meindert Seffinga (Easterlittens, 1961) is in histoarikus en museumdirekteur. Hy studearre Skiednis yn Grins.
Hy wurket sûnt 1988 by it Frysk Skipfeart Museum yn Snits, earst as registrator en tentoanstellingsmakker en sûnt 2005 as direkteur. Op 15 maart 2021 waard er direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert dêr't er Geart de Vries opfolge.
Hy is redaksjelid fan it Histoarysk Tydskrift Fryslân fan útjouwerij Waanders.
Keppeling om utens Frysk Skipfeart Museum Webside Historisch tijdschrift Fryslân
Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk konservator Kategory:Frysk museumdirekteur Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn Easterlittens Kategory:Persoan berne yn 1961