Coen Peppelenbos (Raalte, 4 oktober 1964) is in Nederlânsk dichter en skriuwer.

Biografy Peppelenbos waard grutbrocht yn Raalte, dêr't er it Florens Radewijns College trochroan. Dêrnei studearre er Nederlânske taal- en letterkunde yn Grins. Syn doktoraalskripsje gie oer de dichter A. Marja, waans gedichten Peppelenbos yn oktober 2008 in karlêzing fan gearstalde.

Fan 1988 ôf wurket er yn it ûnderwiis. Sûnt 1991 is er dosint oan de NHL Hegeskoalle. HY is mei-auteur fan trije ferskillende literatuermetoades foar it middelber en heger ûnderwiis. Sûnt 1995 is Peppelenbos literatuerresinsint foar de Ljouwerter Krante. Maart 2007 wie syn dichtersdebút mei de bondel Sing Sing. De bondel krige goede kritiken fanwegen de heldere taal en de ienfâldigens fan de gedichten. Juny 2008 publisearre er Victorie, in roman dêr't syn bertedoarp Raalte goed yn werom te kennen is.

Peppelenbos wie oant maart 2009 haadredakteur fan it literêr tydskrift Tzum, dat er yn 1998 ek oprjochte hie. Mei Doeke Sijens skreau er de romans Tavenier (2003) en Harde actie (2005). Fan 2003 oant 2006 wie er gearstaller fan poëtyske kuiertochten troch Amsterdam, De Haach, Grins, Rotterdam en Utert. Teffens treedt er geregeldwei op by literêre festivals.

Bibliografy 2003 - Tavenier, gay-soap mei Doeke Sijens 2005 - Harde actie, gay-soap met Doeke Sijens 2007 - Sing Sing, poëzy 2008 - Victorie, roman 2010 - Vallende mannen, poëzy 2012 - Eeuwige trouw, gay-soap mei Doeke Sijens 2012 - Muziek voor twee vrouwen, poëzy 2016 - De valkunstenaar, roman 2022 - Moeten we dit weten voor de toets? - Hoe overleef ik het literatuuronderwijs?, kollumns en essays 2024 - Onfatsoenlijk en luxueus, novelle

Keppeling om utens Interview met Coen Peppelenbos Peppelenbos syn Literatuerblog

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk blogger Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1964