thumb|A. Marja (1962) A. Marja, pseudonym fan Arend Theodoor Mooij (Alde Leie, 8 maart 1917 – De Haach, 10 jannewaris 1964) wie in Nederlânsk dichter en skriuwer. De skûlnamme ûntliende er oan de foarnamme fan syn mem.

Libben Mooij waard berne yn de pastorij fan Alde Leie dêr't syn heit Marinus Mooij dûmny wie foar de Frije Evangelyske Gemeente. Yn 1924 ferfear de húshâlding Mooij nei Wynskoat, dêr't Marja fan 1930 tot 1936 nei de kristlike hbs gie. Yn 1934 moete er de oankommend dichter Koos Schuur, mei wa't er oant syn dea nau befreone bliuwe soe. Under ynfloed fan in learaar Dútsk publisearre Marja, noch ûnder eigen namme, in gedicht yn Volk en Vaderland (2 febrewaris 1935). Doe't syn heit yn Yerseke beroppen waard, gong Marja op keamers yn Grins. Yn it lêste jier op de HBS rekke er fereale op Geerdina Aaltje Kuiper. Marja soe yn 1944 mei har trouwe en hat in tal leafdesferzen oan har opdroegen.

A. Marja debútearre 1937 mei de dichtbondel Stalen op zicht. Syn iennichste roman Snippers op de rivier makke fiif werprintingen mei en hie goede kritiken: Het boek is frisch geschreven en vooral de «ontknooping» vind ik gezond en boeiend. Met een diepe en oprechte toewijding voor de personen geschreven. (H.M. van Randwijk) en Een debuut, dat niet zonder betekenis is. (B. van Noort).

Marja wurdt troch guon ta de Grinzer Skoalle rekkene. Marja makke ek namme mei syn practical jokes, rigoereuze grappen dy't er mei kollega-dichters en skriuwers úthelle; dat waard him wolris kwea-ôf naam. Marja syn libbenspaad wie net sûnder tûkelteamen: hy koe net fan de skriuwerij libje, hie muoite mei it behâlden fan in fêste baan, troude twaris op 'en nij en krige al betiid lêst fan syn hert en fan sûkersykte.

Oktober 2008 soarge in werútjefte fan Snippers op de rivier, in karlêzing út de gedichten fan A. Marja en in spesjale ôflevering fan it literêre tydskrift Tzum foar nij omtinken foar Marja.

Bibliografy Poëzy 1937 - Stalen op zicht 1939 - Eenvoudig schilderij 1939 - Omneveld havenlicht 1942 - Zon en sneeuw 1942 - Maar ja, Marja 1943 - Blauw, rose en grijs 1943 - Waar ik ook ga 1944 - Zelfportret voor haar 1947 - De keuze 1948 - Van mens tot mens 1953 - Confidentieel 1955 - Traject 1956 - Man van dag en nacht 1957 - Zich lekker voelen 1957 - Reislust 1959 - Wat ik speelde 1962 - Nochtans een christen 1963 - De fatale bres 1963 - Van de wieg tot het graf 2008 - Ergens halverwege zweven (karlêzing)

Skeppend proaza 1941 - Snippers op de rivier 1942 - In kleine terts

Beskôgjend proaza 1946 - Schuchter en iets luider 1947 - Zeepbellen in de orkaan 1949 - Binnendijks, buitendijks 1954 - Buiten het boekje 1963 - Poëzieproeven

Oersettingen 1944 - Keur uit Rilke 1945 - De Bajesballade van Wilde Oscar (Oscar Wilde) 1948 - De stroper (H.E. Bates) 1948 - Stalingrad (Theodor Plievier)

Karlêzingen 1955 - Voor de bijl 1956 - Over de kling 1958 - Tussen de gemaskerden

Toaniel 19?? - Kiespijn, kabel en critiek 1949 - Zestig jaar mei

Keppeling om utens Biografy troch Arend Theodoor Mooij yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Alde Leie Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 1964