It Sint-Odulfuskleaster wie in kleaster by Starum.

It kleaster waard stifte troch de muonts Odulfus. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de ôffallige Friezen opnij te bekearen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en de Fly nei it drokke ferkearsknooppunt Starum. Oan de mûning fan de rivier, net fier fan it Fly, stifte hy yn 837 syn haadkertier om fan hjirút de Friezen werom te bringen ta it kristlik leauwe. It haadkertier is letter útgroeid ta it Odulfuskleaster, neamd nei syn stifter. Fierder is út de tiid fan foar it jier 1000 net folle bekend. Allinnich dat de Noarmannen yn 991 Starum plonderen en yn de brân stutsen. Starum moat doe ek al in wichtich plak west hawwe, want de Noarmannen kamen allinnich as der wat te heljen foel.

Yn 1345 spile it Odulfuskleaster in wichtige rol yn 'e ferneamde Slach by Warns. Letter is it kleaster fersonken ûnder it wetter fan 'e Sudersee.

Yn 2010 binne resten fan it kleaster, wêrûnder twa parten fan in sânstiennen sarkofaach, op de boaiem fan de Iselmar fûn. It kleaster stie likernôch 1 km westlik fan de hjoeddeiske havenmûning yn Starum.

Literatuer Gilles de Langen & Hans Mol, 'Vroege benedictijner kloosterboerderijen in Zuidwest-Friesland', yn: Annet Nieuwhoff & Albert Buursma (red.), Van Drenthe tot aan ’t Wad: Over landschap, archeologie en geschiedenis van Noord-Nederland. Essays ter ere van Egge Knol, Grins 2023, s. 161-174 Hans Mol en Kaj van Vliet, 'De oudste oorkonden van het Sint-Odulfusklooster van Staveren', yn: Jaarboek voor Middeleeuwse Geschiedenis 1 (1998). pp. 73-134. Albert Zandstra, Eindrapportage Onderzoek naar restanten van het klooster van St. Odulphus bij Stavoren, Ljouwert: Stichting Archeos Fryslân 2010

Sjoch ek De klokken fan Sint Odolf

Kategory:Starum Kategory:Bouwurk yn Nijefurd Kategory:Earder bouwurk yn Súdwest-Fryslân Kategory:Kleaster yn Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 837 Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan opheffing Kategory:Organisaasje opheft yn de 14e iuw Kategory:Bouwurk út 837 Kategory:Bouwurk sloopt yn de 14e iuw