Brunhilde Margot (Brûni) Heinke (Rotterdam, 23 septimber 1940 - 7 maart 2025) wie in Nederlânsk aktrise. Har heit kaam út it easten fan Dútslân.
Brûni Heinke studearre yn 1965 ôf oan de Toanielakademy Maastricht. Dêrnei wie sy ferbûn oan De Nederlânske Komedy, It Amsterdamsk Toaniel, It Stedstoaniel Rotterdam en Toanielgroep Theater.
Yn 1992 naam sy de rol fan Helen Helmink yn Goede tijden, slechte tijden oer fan Marlous Fluitsma; dat duorre oant 1998. Letter spile hja yn de dramasearje Koning van de Maas fan RTV Rijnmond.
Brûni Heinke ferstoar op 7 maart 2025 yn 'e âldens fan 84 jier oan de gefolgen fan kanker.RTL.nl 12-3-2025, Voormalig GTST-actrice Bruni Heinke (84) overleden Riedplachte op 12-3-2025
Filmografy (kar-út)
|align="center"|1969|| Floris || servearster || Ofl. 4 De man van Gent |- |align="center"|1971|| Blue movie || famke by finzenis || |- |align="center"|1977||Soldaat van Oranje || SD-agente || |- |align="center"|1978||Dagboek van een herdershond || Miete van der Schoor || telefyzjerige |- |align="center"|1980||Spetters || mem yn de auto || |- |align="center"|1981|| Ik ben Joep Meloen || || |- |align="center"| 1983 ||Herenstraat 10 || Sylvia || telefyzjerige |- |align="center"|1992-1997 || Goede tijden, slechte tijden|| Helen Helmink || soapsearje |- |align="center"| 2000 || Westenwind || notaris || telefyzjerige |- |align="center"| 2006 || Gooische Vrouwen || || telefyzjesearje |- |align="center"| 2007-2008 || Koning van de Maas || Willemijn ||telefyzjesearje |- |align="center"| 2013|| Malaika|| Frou Bruins || soapsearje |- |align="center"| 2018 || Centraal Medisch Centrum || Frou Kol || Ofl. 8 |- |align="center" rowspan="2"| 2022 || Flikken Maastricht|| Petra Koekebier || Ofl. Moord aan de hemelpoort |- | Casa Coco || Marie || komedyfilm
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2025