Ada fan Skotlân of Ada fan Huntingdon (Huntingdon, sa. 1146 – ?, 1204) wie prinsesse fan Skotlân en grevinne fan Hollân. Hja wie in dochter fan Hindrik fan Skotlân, 3e greve fan Huntingdon en suster fan de keningen Malcolm IV en William I fan Skotlân.
Op 28 augustus 1162 troude sy mei greve Floaris III fan Hollân (1140 – 1190), dat hat wierskynlik yn Egmond west. Ut dit houlik waarden tsien bern berne, dêr't sân fan har jeugd oerlibben: Durk VII, greve fan Hollân 1190-1203 Willem I, greve fan Hollân 1203-1222 Floaris († 1210), elekt fan Glasgow 1202-1207 Boudewyn († 1204) Ada († ± 1205); ∞ Otto I fan Brandenboarch Margareta († ± 1203); ∞ Durk V fan Kleef Agnes († 1228), abdis te Rynsburch
Ada bemuoide har net folle mei polityk en wurdt mar út en troch neamd. It is bekend dat hja Latyn lêze koe. Ada stoar nei 1204 en is faaks bedobbe yn de Abdij fan Middelburch, dy't sy earder al £64 skonken hie.
Keppeling om utens Portret in Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân
Kategory:Lid fan it Skotske keningshûs Kategory:Skotske adel Kategory:Nederlânske adel Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Hûs fan Dunkeld Kategory:Persoan berne yn 1146 Kategory:Persoan stoarn yn 1204