Microsoft Windows is de namme fan de bestjoeringssystemen fan Microsoft foar de personal computer. It waard yn 1985 lansearre en dominearret sûnt de yntroduksje fan Windows 95 yn 1995 de merk foar persoanlike kompjûters. Yn 2004 hie Microsoft 90% fan de persoanlike-kompjûtermerk yn hannen. De oarspronklike beslissing fan Microsoft om de earste ferzje fan Windows te ûntwerpen wie grif sterk beynfloede troch eardere inisjativen fan Xerox en Apple, dy't harren kompjûters al in grafyske brûkeromjouwing joegen. Namme In Ingelske wurd 'Windows' betsjut 'finsters'. Finsters binne ien fan de fjouwer ûnderdielen fan it WIMP-ynterfaasjekonsept (Window, Icon, Menu, Pointing device) oarspronklik definiearre oan it Xerox PARC begjin jierren 80.
Ferzjes Nettsjinsteande de beneamingen foar alle ferzjes fan Windows hat elke ferzje ek in ferzjenûmer: Ferzje 1.00: Microsoft Windows 1983 Ferzje 1.xx: Microsoft Windows 1.x Ferzje 2.xx: Microsoft Windows 2.x Ferzje 3.00: Microsoft Windows 3.0 Ferzje 3.10: Microsoft Windows 3.1 Ferzje 3.11: Microsoft Windows 3.11 For Workgroups Ferzje 3.20: Microsoft Windows 3.2 (Sineeske ferzje fan Windows 3.10) Ferzje 4.00: Microsoft Windows 95 Ferzje 4.10: Microsoft Windows 98 Ferzje 4.90: Microsoft Windows Me
Op NT basearre: Ferzje 3.10: Microsoft Windows NT 3.1 Ferzje 3.50: Microsoft Windows NT 3.5 Ferzje 3.51: Microsoft Windows NT 3.51 Ferzje 4.00: Microsoft Windows NT 4.0 Ferzje 5.00: Microsoft Windows 2000 Ferzje 5.10: Microsoft Windows XP & Windows Fundamentals for Legacy PCs Ferzje 5.20: Microsoft Windows XP, Windows Server 2003 & Home Server (Basearre op Windows Server 2003 mar pas nei Windows Vista útbrocht) Ferzje 6.00: Microsoft Windows Vista & Server 2008 Ferzje 6.10: Microsoft Windows 7 (Windows 7 is ferzje 6.10, mar hjit sa om de ienfâld) & Windows Server 2008 R2 Ferzje 6.20: Microsoft Windows 8 (Windows 8 is ferzje 6.20, mar hjit sa om de ienfâld) en Windows Server 2012 Ferzje 6.30: Microsoft Windows 8 en Windows Server 2012 R2 Ferzje 10.0: Microsoft Windows 10 en Windows Server 2016
Sjoch ek Wine ReactOS Linux Skiednis fan Windows Opdrachtpromt
Keppelings om utens Webstee fan Microsoft Windows Vista Windows-famylje Computerhilfen.nl - Windows tips en forum Windows NT - Alpha FAQ Side om Windows Vista Ultimate fergees te testen Nederlânske Windows-side
Kategory:Kompjûter Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 1985