thumb|260px|De rekreaasjewente Enno oan de Badwei yn Skiermûntseach Enno is in monumintale rekreaasjewenning oan de Badwei op Skiermûntseach.

Skiednis De rekreaasjewent Enno waard yn 1917 boud fanwege de Grinzer fabrikant Timmer; it wie ien fan in rige fakânsjewenten foar syn famylje. Faaks hat er de wente, yn art nouveaustyl sels ûntwurpen. By de bou waarden Belgyske flechtlingen, dy't om reden fan de Earste Wrâldkriich ûnderbrocht wiene op Skiermûntseach, ynset. Dizze went waard nei syn soan Enno neamd. De oare wenten, yn deselde tiid set, binne al ferdwûn.

De rjochthoekige wenning is fan eternytplaten makke, dy't op in betonnen plint rêste. Ek binnendoar binne in protte nouveaueleminten bewarre bleaun.

De wenning is erkend as ryksmonumint.

Kategory:Hûs op Skiermûntseach Kategory:Ryksmonumint op Skiermûntseach Kategory:Bouwurk út 1917