thumb|260px|De filla Opduin oan de Badwei thumb|left|150px|Details fan de gevelfersieringen Opduin is in monumintale filla oan de Badwei op Skiermûntseach.
Skiednis Opduin waard oarspronklik boud as wenhûs oan de bûlevaar fan Skiermûntseach yn 1913. Opdrachtgjouwer wienen Arnoldus Onnes, wynhanler yn Grins en syn wiif Allagonda Barghoorn. Troch de ôfslach oan de noardkant fan it eilân is de bûlevaar yn de Noardsee ferdwûn. Om Opduin en it tichteby lizzende hûs Anagber te rêden, waard it hûs twaris ôfbrutsen en op 'en nij boud. Sûnt 1922 stiet de hast kubusfoarmige wente noardlik fan de Badwei en Anagber besuden de Badwei. It hûs waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers as munysjeopslach brûkt. Fanwegen de steat fan de wente waard besletten om it pân te restaurearjen. Yn 2008 wie dat dien. Doe binne ek de blinen, dy't al lang ferlern gien wiene, fannijs oanbrocht.De doarpskrante fan Skiermûntseach d.d. 1 augustus 2008: Opduin, een huis dat verder wandelt naar de toekomst
De wente is in ryksmonumint.
Literatuer Opduin: een wandelend huis, Utjouwerij Grins, 2004, ISBN 90-9017706-X
Kategory:Filla Kategory:Hûs op Skiermûntseach Kategory:Ryksmonumint op Skiermûntseach Kategory:Bouwurk út 1913