Nijverdal is in plak yn de Oeriselske gemeente Hellendoorn. Nijverdal is mei goed 25.000 ynwenners it grutste plak yn de gemeente. De namme Nijverdal is in gearlûking fan nijverheid (niverheid) en dal (delling).

Lizzing Nijverdal leit op de krusing fan de rivier de Regge en de strjitwei fan Almelo nei Swol, dy't yn 1829 oanlein waard. Besuden Nijverdal leit de Holterberch. Ek leit Nijverdal oan de foet van de Sallânske Heuvelrêch op de grins fan Twinte en Sallân. Nijverdal is nei Swol en Dimter it grutste plak yn Sallân.

Skiednis Nijverdal leit yn de eardere marke Noetsele troch de Nederlandsche Handel-Maatschappij dy't der yn 1836 in nauwe gearwurking mei de Ingelsman Thomas Ainsworth in weverij, in spinderij en in modelweverij) stifte.

Om 1850 iepenen de bruorren Salomonson de Keninklike Stoom Weverij, wêrtroch't in ein kaam oan de húsyndustry. De Stoom Weverij groeide út ta de Keninklike Ten Cate. In weverij spesjalisearre yn weefels foar beskermjende en wurkklean, tintedoeken, en keunstgerskomponinten.

Nijverdal is it ienige plak yn Nederlân dêr't goud dylge is. Der is in offisjele konsesje ôfjûn foar it dylgjen fan goud.

Nijverdal waard yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre troch de alliearden. Dat bombardemint fûn plak op 22 maart 1945. It gelegenheidsbombardemint wie rjochte op de spoarwei en bedoeld om oerstallige bommen út te smiten, mar Amerikaanske alliearde bommesmiters troffen it sintrum fan it doarp. De loftoanfal koste 73 boargers it libben.

Ferkear en ferfier Rykswei 35 ferbynt Nijverdal mei Almelo en Swol. Dy Rykswei rûn oant mids 2015 dwers troch de Grotestraat yn Nijverdal en feroarsake yn de spits grutte opstoppingen yn it sintrum. Ein 2007 waard begûn mei de oanlis fan in tunnel, dy't Op 29 augustus 2015 ree kaam. Provinsjale dyk 347 ferbynt Nijverdal mei Rijssen, Hellendoorn en Ommen.

Nijverdal hat sûnt 1881 in stasjon oan it spoar fan Swol nei Almelo.

Fan 1910 oant 1935 hat Nijverdal in twadde stasjon hân. Dat stasjon Nijverdal Súd lei oan de ferbining fan Neede nei Hellendoorn oanlein troch Lokaalspoarwei-Maatskippij Neede-Hellendoorn. Dat stasjon is nei 1935 net mear yn gebrûk west en it gebou oan de parallelweg waard yn 1972 ôfbrutsen.

Sport Nijverdal hat in grut ferieningslibben mei meardere sportklups. Atletyk - AV Atletics Badminton - B.C. Reflex Nijverdal Basketbal - The Valley Bucketeers Bridge - Bridgeclub Reggedal Darten - ENC '09 Hockey - Hockeyclub Hellendoorn/Nijverdal H.C.H.N. Gym - Gymnastykferiening O.K.K. Kuorbal - NKC'51 Sjitten - L.S.V.N Nijverdal Tennissport - Tennisklup Nijverdal - Tafeltennisferiening Match Point `68 Fuotbal - VV DES (Kampioen fan Nederlân by de sneonamateurs yn 1934) - S.V. ENC '09 - Hulzense Boys - RKSV De Zweef - S.V.V.N. Follybal - Follybalferiening Flash Nijverdal - Follybalferiening V.E.C. Hurdfytse - Hurdfytsferiening CC'75 - Fytskrossferiening De Lochsprinters Swimsport - Swim- en Poloclub Het Ravijn, dizze club spilet mei it manljus- en it frouljuswetterpoloteam yn de heechste Nederlânske klasse.

Berne yn Nijverdal Douwe Draaisma (1953), psycholooch Gerlof Jukema (19 novimber 1958), arts en politikus Rob Harmeling (4 desimber 1964) hurdfytser Paula Fikkert (1965), taalwittenskipper Henk Poorte (30 septimber 1950), wrâldkampioen enduro motorcross

Bekende Nijverdallers Karin Kuipers (18 july 1972) wetterpoloster Jeanne Roos (12 oktober 1916) omropster († 2001 yn Nijverdal) Wim Woudsma (11 augustus 1957) eks-fuotballer fan Go Ahead Eagles

Kategory:Plak yn Hellendoorn