thumb|right|Polysjeminsken yn Seattle hawwe in mûledoek foar tsjin de Spaanske gryp, desimber 1918. thumb|right|De fersoarging fan pasjinten fan de Spaanske gryp yn in sikehûs yn Washington D.C. De Spaanske gryp wie in gryppandemy dy’t oer de heule wrâld ferspraat rekke fan 1918 oant 1920. It is net wis wêr’t de sykte ûntstien is, al wurdt oannaam dat de boarne fan de Spaanske gryp yn Aazje leit. De measte slachtoffers wiene sûne jongfolwoeksenen, wat oars is as by oare grypútbraken, dêr't de measte slachtoffers jonge bern, âlderen en swakke pasjinten by binne.

Syktewurking De pandemy duorre fan maart 1918 oant juny 1920 Institut Pasteur. La Grippe Espagnole de 1918 (Powerpointpresintaasje yn it Frânsk) (sjoen op 1 novimber 2010) en fersprate him sels nei de noardpoal en ôfhandige eilannen yn de Stille Oseaan. It totaal tal deaden nei oanlieding fan de sykte is net wis, rûzings rinne op oant 100 miljoen deaden, de meast hoedende rûzings lizze om en de by de 20 miljoen minsken..Spaanse griep: de grootste pandemie in onze geschiedenis, InfoNu.nl (sjoen op 1 novimber 2010) (2006). 1918 Influenza: the Mother of All Pandemics (sjoen op 1 novimber 2010)1918 influenza pandemic Nature.com (sjoen op 1 novimber 2010) In rûze 500 miljoen minsken hawwe de sykte hân, wat del komt op 1/3 fan de wrâldbefolking fan dy tiid. (2006). 1918 Influenza: the Mother of All Pandemics (sjoen op 1 novimber 2010)

Weefsel fan ynferzen slachtoffers binne letter brûkt foar it reprodusearjen fan de sykte foar ûndersyk. Ien fan de konklúzjes fan it ûndersyk is dat it firus wurke mei in sytokinestoarm (oerreaksje fan it lichems ymmúnsysteem), wat it ûngewoane earnstige gedrach en it leeftydsprofyl fan de slachtoffers ferklearret. It sterke ymmúnsysteem fan jongfolwoeksenen fernielde it lichem, wylst it ymmúnsysteem fan bern en fan oare folwoeksenen resultearre yn minder deaden.

Namme De namme Spaanske gryp is nei alle gedachten net heulendal goed. De earste gefallen fan de gryp kamen foar yn de Feriene Steaten en letter op it fêste lân fan Europa, lang foardat de gryp yn Spanje oankaam. De namme komt nei alle gedachten omdat Spaanske kranten de earsten wienen dy’t oer de gryp skreaunen.De Mexicaanse griep; een milde griep of vergelijkbaar met de Spaanse griep?, Tremele.nl (sjoen op 1 novimber) Wierskynlik hat dit te krijen mei it feit dat Spanje yn de Earste Wrâldkriich ûnôfhinklik wie en der gjin sensuer wie oer it nijs fan de gryp en de gefolgen fan de sykte. De Spaanske kening Alfonso XIII waard ek bot siik, oer him waard in soad berjochte yn it nijs, wat as gefolch hie dat it measte nijs oer de sykte út Spanje kaam en betrouber wie, wêrtroch de misliedende gedachte ûntstie dat Spanje it meast te lijen hie fan de gryp. It wie úteinlik it Switserske Ministearje fan Sûnens dat foar it earst spruts oer de “Spanische Krankheit”. (2006). Spaanse griep en Eerste Wereldoorlog. Het drama van 1918, Wereldoorlog1418.nl (sjoen op 2 novimber 2010)

Ferrin fan de pandemy Teoryen oer de boarne Guon teoryen oer de boarne fan de Spaanske gryp sizze dat de sykte út it Fiere Easten kaam. 1918 killer flu secrets revealed, BBC News (sjoen op 1 novimber 2010) Dr. C. Hannoun, liedend ekspert fan de Spaanske gryp oan it Ynstitút Pasteur yn Frankryk, seit dat it firus nei alle gedachten út Sina komt, mutearre yn de Feriene Steaten yn de omkriten fan Boston, en fierder ferspraat waard nei Brest yn Frankryk, de Europeeske striidfjilden fan de Earste Wrâldkriich, fierder oer heul Europa en dêrnei oer de wrâld mei de alliearde soldaten en seelju as haadferspraters. Neffens Hannoun binne oare boarnen as Spanje, Kansas en Brest mooglik, mar net oannimlik.

Neffens histoarikus Alfred W. Crosby is Kansas de boarne fan de gryp. Crosby 2003 De ferneamde skriuwer John Barry ûnderskriuwd de miening fan Crosby dat de sykte yn Kansas begûn, mear krekt yn Haskell County. . The site of origin of the 1918 influenza pandemic and its public health implications, Journal of Translational Medicine (sjoen op 1 novimber 2010)

Politikolooch Andrew Price-Smith publisearre ynformaasje út Eastenrykske argiven dy’t suggerearren dat de sykte al earder begûn wie, yn Eastenryk yn de maitiid fan 1917. (2009). Contagion and Chaos. Cambridge, MA: MIT Press.

Undersyk fan in Britske ploech, ûnder lieding fan firolooch John Oxford fan it St. Bartholomew’s Sikehûs en it Royal London Hospital, suggerearre dat in grutte Britske legermacht yn it Frânske Étaples harren yn it hert fan de Spaanske gryp befûn of op in lokaasje fan in grutte foarrinner fan de Spaanske gryp. Connor, Steve, "Flu epidemic traced to Great War transit camp", The Guardian (Feriene Keninkryk), saterdei, 8 jannewaris 2000 (sjoen op 1 novimber 2010)

Earste weach thumb|right|250px|Slachtoffers fan de Spaanske gryp wurde beïerdige yn Labrador, Kanada.

It ferrin fan de pandemy dy’t de Spaanske gryp feroarsake kin ferdield wurde yn trije weagen. De earste weach begjint by it ûntdekken fan de grypfariant yn Kansas, yn it earste healjier fan 1918. Hjir kaam Dr. Loring Miner yn jannewaris en febrewaris fan it jier ferskate pasjinten tsjin mei de ferskynsels fan gryp, mar in oar soart as dat hy earder sjoen hie. Al gau gie de gryp oer yn longûntstekking. Ferskate minsken ferstoarnen yn dit stadium fan de pandemy, mar it gie om lytse mannichten. Mar sa gau at de sykte kaam wie, gie it ek wer fuort. . The site of origin of the 1918 influenza pandemic and its public health implications, Journal of Translational Medicine (sjoen op 3 novimber 2010)

Nei oanlieding fan dizze koarte grypweach besleat dokter Miner om it barren troch te jaan oan lânlike amtners. Syn warskôging waard publisearre yn it wyklikse blêd Public Health Report fan de Public Health Service yn de Feriene Steaten. . The site of origin of the 1918 influenza pandemic and its public health implications, Journal of Translational Medicine (sjoen op 3 novimber 2010)

Op 4 maart 1918 waard it earste grypgefal by in Amerikaanske soldaat ûntdutsen dy’t stasjonearre wie op Camp Funston, yn it militêre reservaat Fort Riley. (2006). Spaanse griep en Eerste Wereldoorlog. Het drama van 1918, Wereldoorlog1418.nl (sjoen op 4 novimber 2010) It kamp lei deunby it doarp wêr’t de eardere grypútbraak west wie en der wienen ek manlju út it doarp stasjonearre. Dizzen hawwe nei alle gedachten de gryp meinaam nei de militêre basis en de sykte dêr ferspraad. In wike letter, op 11 maart 1918, kaam de gryp al yn Queens, New York foar.Lessons from History. The 1918-1919 influenza pandemic, University of Arkansas (sjoen op 2 novimber 2010)

Op dit stuit waarden de Amerikaanske soldaten nei Europa stjoerd om harren dêr yn de Earste Wrâldkriich te mingen. De militêren namen de gryp mei en besmetten hjir de boargerbefolking, lykas militêren út Frankryk, Grut-Brittanje en harren eigen manskippen. Sadwaande koe de gryp him ferspriede troch Europa. (2006). Spaanse griep en Eerste Wereldoorlog. Het drama van 1918, Wereldoorlog1418.nl (sjoen op 3 novimber 2010)

De minsken dy’t it meast te lijen hienen fan de earste weach wienen sike en âlde minsken, wylst jongeren der relatyf ienfâldich boppe op kamen.

Twadde weach thumb|right|250px|It militêre hospitaal fan Camp Funston, Kansas yn de tiid fan de Spaanske gryp.

De twadde weach begûn yn augustus en sloech hast tagelyks ta yn trije grutte havenstêden, Brest yn Fankryk, Freetown yn Sierra Leone en Boston yn de Feriene Steaten.1918 Spanish Flu Pandemic, About.com (sjoen op 4 novimber 2010)Parlemint fan it Feriene Keninkryk. Pandemic Influenza. Side 11 (sjoen op 3 novimber 2010) It firus hie him op dat stuit mutearre nei in deadliker ferzje.

Yn Brest kaam de Spaanske gryp omdat dêr in soad Amerikaanske soldaten oankamen, dizzen soenen letter it heule gebiet besmette. Soldaten dy’t in bytsje siik wienen waarden nei it front tastjoerd, wylst soldaten dy’t slim siik wienen yn folle wagons mei de trein nei sikehûzen stjoerd waarden, wêrtroch se de mutearre ferzje fersprieden. Dizze nije grypferzje wie deselde as dy fan út it earste heal jier fan 1918. Minsken dy’t doe siik wurden wienen, wienen no ymmún foar de gryp, ferskil wie dat de gryp no in stik deadliker wie en de meast risikogroep wienen no jonge sûne minsken. Wylst de Earste Wrâldkriich de gryp net feroarsake, soarge de grutte mannichten legermanskippen nei alle gedachten al foar de fersprieding en de mutaasje fan de sykte, it hat nei alle gedachten ek de deadlikens fan de sykte slimmer makke. Guon minsken sizze dat de ymmúnsystemen fan de soldaten ferswakke rekken troch ûnderfieding en ek troch de stres fan de kriich en de gemyske oanfallen, wêrtroch se mear fetber foar de sykte wienen.

Omdat dizze nije fariant fan de gryp benammen jonge minsken siik makke, tochten dokters dat it net om in grypfariant gie, mar om in útbraak fan golera of tyfus. Oaren tochten dat it om in nije sykte gie. (2006). Spaanse griep en Eerste Wereldoorlog. Het drama van 1918, Wereldoorlog1418.nl (sjoen op 3 novimber 2010)

Tredde weach thumb|left|250px|Mei maskers foar helje meiwurkers fan it Reade Krús yn de Saint Louis, Feriene Steaten slachtoffers fan de pandemy fuort.

De tredde weach fan de Spaanske gryp waard ynlûde troch de ein fan de Earste Wrâldkriich. Oeral op de wrâld waard feest fiert, omdat de oarloch oer wie en de soldaten gienen wer nei hûs. Dizze ferpleatsing fan minsken soarge der ek foar dat de gryp him op ‘e nij ferspriede koe.

De tredde weach wie net sa deadlik as de twadde weach, mar wol deadliker as de earste oanfal. Ek no kamen in soad minsken om it libben, mar in soad omtinken wie der net mear foar de gryp. De ein fan de kriich hie foar de minsken de begjin fan in nije perioade ynlûde. 1918 Spanish Flu Pandemic, About.com (sjoen op 4 novimber 2010) Hoe’t de sykte no heulendal fuortrekke is net wis. Oannaam wurdt dat de Spaanske gryp him wer mutearre, no nei in minder deadlike fariant. Dit is in barren dy’t faker foarkomt by patogene firussen.

Wannear’t de sykte heulendal ophuld is net wis. Guon minsken sizze dat it yn de hjerst fan 1919 west hat, oaren tinken dat de sykte oant yn 1920 libbens koste hat. 1918 Spanish Flu Pandemic, About.com (sjoen op 4 novimber 2010)

De Kanadeeske politikolooch Andrew Price-Smith hat de kontroversjele miening dat it firus de rin fan de Earste Wrâldkriich bepaald hat yn it foardiel fan de Alliearden. Hy hat ynformaasje dat de Sintrale Machten earder te krijen hienen mei de gryp dan de Alliearden en dat sawol de sykte as it stjertesifer slimmer wienen yn Dútslân en Eastenryk as yn Ingelân en Frankryk. (2009). Contagion and chaos: disease, ecology, and national security in the era of globalization. MIT Press. Side 76 (sjoen op 2 novimber 2010) Skiedkundigen binne it der oer iens dat de Spaanske gryp ek de útkomst fan de fredesûnderhannelings feroare hat. Presidint Woodrow Wilson fan de Feriene Steaten krige de sykte ûnder de lea ûnder de gearkomste yn Versailles. Der wurdt sein dat troch syn ôfwêzigens de easken oan Dútslân strenger wurden wienen.

Symptomen De Spaanske gryp begûn mei hege koarts, hoastje, spierpine, rillings en in seare kiel. Folge troch wurgens en flauwtes. Hja ferlearen safolle enerzjy dat hja net mear ite en drinke koe. It sykheljen waar heultiid swierder en yn in pear dagen trêde de dea yn. De dea folge meastentiids nei in swiere longûntstekking of troch it ferdrinken fan de longen yn it eigen bloed.Spaanse Griep – ziekte + symptomen (sjoen op 4 novimber 2010)

Stjertesifers thumb|left|250px|Grafyk fan de stertjesifers fan de stêden New York, Berlyn, Londen en Parys.