De Olympyske Simmerspullen 1928, offisjeel de Spullen fan de IXe Olympiade, wienen de achtste Spullen yn de rige fan de moderne Olympyske Spullen. De Spullen waarden yn Amsterdam, Nederlân holden.

De Olympyske Spullen fan 1928 wienen de earste Spullen dêr't De Coubertin net de foarsitter fan wie. De Coubertin hie yn 1925 it foarsitterskip oan de Belch Henri de Baillet-Latour jûn.

Medaljespegel Mei-inoar waarden der 327 medaljes útrikt. It YOK stelde offisjeel gjin medaljeklassemint op, mar joech dochs in medaljetabel foar kundskip. Yn it klassemint wurdt earst sjoen nei it tal gouden medaljes, dan nei it tal sulveren medaljes en dan nei it tal brûnzen medaljes.

Yn de ûndersteande tabel stiet de top-10 fan de Olympyske Spullen.

1 Feriene Steaten 22 18 16 56 2 Dútslân 10 7 14 31 3 Finlân 8 8 9 25 4 Sweden 7 6 12 25 5 Itaalje 7 5 7 19 6 Switserlân 7 4 4 15 7 Frankryk 6 10 5 21 8 Nederlân 6 9 4 19 9 Hongarije 4 5 0 9 10 Kanada 4 4 7 15

Fryske medaljes Medalje Namme Sport Ûnderdiel Jan AnkermanBiografy Jan Akkerman op Sports-Reference (sjoen op 4 novimber 2010) Hokky Manlju, team

Tawizing fan de gaststêd Frederik van Tuyll van Serooskerken hie Amsterdam al as gasthear opjûn foar de Olympyske Simmerspullen fan 1912, krekt foar de stifting fan it Nederlânsk Olympysk Komitee. Yn 1916, wienen der gjin Spullen yn ferbân mei de Earste Wrâldkriich. Yn 1919 liet it Nederlânsk Olympysk Komitee it kandidaatskip fan Amsterdam falle, om't se de nominaasje fan Antwerpen foar de Spullen fan 1920 stipen. Yn 1921 waard Parys keazen as gaststêd fan de Olympyske Spullen fan 1924, ûnder it betingst dat de Olympyske Spullen fan 1928 al yn Amsterdam hâlden wurde soenen. Dy kar waard, stipe troch it Nederlânsk Olympysk Komitee, wrâldkundich makke troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee op 2 juny 1921. De Amerikanen koenen it net lykfine mei dy beslissing, mar harren fersyk om de Spullen fan 1928 nei Los Angeles ta te heljen waard yn 1922 ôfwiisd, yn 1923 barde dat in twadde kear.Heidens spektakel werd trendsettend feest, VKGeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010) Los Angeles waard letter ferkeazen ta gasthear fan de Olympyske Spullen fan 1932.

Krityk yn Nederlân De reaksjes út de Nederlânsk befolking oer de Olympyske Spullen 1928, mei Amsterdam as gaststêd, wienen foar it grutste part posityf. De krityk kaam benammen fan tige religieuze mienskippen. Dy fûnen de Spullen in "heidensk barren".Heidens spektakel werd trendsettend feest, VKGeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010) Foar it organisearjen fan de Spullen wie 2 miljoen gûne nedich. De gemeente Amsterdam stie noed foar goed fjouwer ton en de provinsje Noard-Hollân foar ien ton. Dêrnjonken waard rûze dat de Spullen in heal miljoen opsmite soe oan bydragen fan banken, sponsors en entreejilden. Dat der moast noch ien miljoen bykomme. Dat soe troch de steat bydroegen wurde, mar de konfesjonelen yn de Twadde Keamer wienen it dêr net mei iens. It foarstel dêrta waard dan ek net oannommen. Om it jild dochs byelkoar te krijen waard in oprop oan it folk dien yn ferskate grutte kranten. Yn twa wike tiid waard sa likernôch 1,5 miljoen gûne ophelle.

Iepeningsseremoanje thumb|right|200px|Foar it earst yn de skiednis wurdt de olympyske flamme oanstutsen.

De iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spullen fan 1928 wie op 28 july yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Dy seremoanje hie in stik as wat nijsgjirrichheden yn ferliking mei eardere edysjes fan de Spullen. Sa waard by dizze Olympyske Spullen foar it earst de olympyske flamme oanstutsen, boppe op de Maratontoer fan it Olympysk Stadion.Amsterdam 1928 Summer Olympics, offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010) De flamme waard lykwols net oanstutsen troch in ferneamde sporter, sa’t hjoed-de-dei gewoan is, mar troch in meiwurker fan it gasbedriuw.Stadsarchief Amsterdam en de Olympische Spelen van 1928, Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010) Foar it oanstekken fan de olympyske flamme waard by de Spullen fan Amsterdam noch gjin esfatte rûn mei de toartse dy't hjoed-de-dei brûkt om de flamme mei oan te stekken, dy waard pas foar de earste kear rûn by de Olympyske Spullen fan 1936 yn Dútslân. It lân dat foar it earst in lanneparade by de iepeningsseremoanje hie wie Grikelân. Dy tradysje bestiet hjoed-de-dei noch.Amsterdam 1928 Summer Olympics, offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010)

thumb|left|200px|Yntocht fan de Dútske sporters fan de Spullen by de iepeningsseremoanje.

Keninginne Wilhelmina wie net by de iepeningsseremoanje. De keninginne wegere derby te wêzen om't sy net frege wie by it fêststellen fan de datum fan de iepening. Dêrnjonken soe se op dat stuit in wichtige reis nei Noarwegen meitsje moatte. Dat wie lykwols net sa, om't de keninginne gjin offisjele besikings die, sadat har reis nei Noarwegen in ynformelen-ien wie.

Neffens it protokol fan de Olympyske Spullen moat de iepeningsseremoanje ôfnaam wurde troch it steatshaad.The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report, side 294 (sjoen op 4 novimber 2010) Ynstee fan de keninginne sels naam Prins Hendrik, de man fan Keninginne Wilhelmina, út namme fan de keninginne de seremoanje ôf. De keninginne wie wol by de slutingsseremoanje.

By de iepeningsseremoanje wie njonken it oanstekken fan de olympyske flamme en de lanneparade ek in optreden fan in gearwurking fan ferskate koaren út Haarlim, De Haach, Amsterdam, Rotterdam, Breda, Maastricht en De Bosk (dy’t ûnder oare it folksliet fan Nederlân hearre liet), in taspraak fan Dr. J. Th. De Visser (de eardere Minister fan Underwiis, Keunst en Wittenskip) en in taspraak fan baron Schimmelpenninck van der Oye (foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee). Nei de taspraak fan Schimmelpenninck krige Prins Hendrik it wurd, wêrnei't hy de Spullen offisjeel iepene.The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report, side 307 (sjoen op 4 novimber 2010) Dêrop waard de olympyske flagge hiest en waard de olympyske ûnthjit ôflein troch Henri Dénis, in Nederlânsk fuotballer.The Olympic Oath, Olympic-museum.de (sjoen op 5 novimber 2010)

Slutingsseremoanje De sluttingsseremoanje fan de Olympyske Spullen wie op 12 augustus. Oars as by de iepeningsseremoanje wie Keninginne Wilhelmina der no al by.

De seremoanje hie plak nei it lêste ûnderdiel op de Spullen, de springwedstriden fan it hynsteriden. Oars as hjoed-de-dei waarden alle prizen by de slutingsseremoanje útrikt. De gouden medaljes waarden útrikt troch de keninginne, de sulveren medaljes troch Prins Hendrik en de brûnzen medaljes troch Henri de Baillet-Latour, de foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report. Side 913. Fuort nei dat barren waard in taspraak holden troch De Baillet-Latour, wêrnei't de Olympyske flagge mei de Nederlânske flagge, de flagge fan de Feriene Steaten en de Frânske flagge omleech helle waarden. De flaggen fan de lannen waarden omheech helle as symboal fan de Olympyske Spullen yn it ferline, de notiid en de takomst.The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report. Side 914. Ta beslút waard de Olympyske flagge oerjûn oan fertsjintwurdigers fan Los Angeles, dêr't de Olympyske Spullen fan 1932 plak hawwe soenen.

Sporten By de Olympyske Simmerspullen fan 1928 waard der sport yn 16 dissiplines yn 14 sporten. Yn totaal wienen der 109 eveneminten.

Atletyk foar froulju en turnjen wienen nij by de Olympyske Spullen fan 1928. De 800-meter-rin foar froulju einige mei ferskate dielnimmers folslein efter de pûst, wêrnei't besletten waard dat rineveneminten langer as 200 meter foar froulju net mear yn it programma opnommen wurde soenen. Pas by de Olympyske Spullen fan 1960 waarden soksoarte evenminten wer yn it programma opnommen.

Tennis wie foar it earst yn de skiednis fan de moderne Olympyske Spullen net opnommen yn it programma. De sport soe pas by de Olympyske Spullen fan 1968 weromkomme, earst as in demonstraasjesport, en op de Olympyske Spullen fan 1984 pas wer as fêst ûnderdiel fan de Spullen.

Demonstraasjesporten Oant 1992 waarden der demonstraasjesporten holden op de Olympyske Spullen. Van demonstratiesport tot officiële status Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 5 novimber 2010) Neffens de regleminten fan de Olympyske Spullen mocht it organisearjende lân twa demonstraasjesporten oan it programma tafoege. It moast dan gean om ien nasjonale sport út it lân dêr’t de Spullen holden waarden en ien ynternasjonale sport, in sport dy’t yn it gastlân hast gjin bekendheid hie. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 902 (sjoen op 5 novimber 2010).

Nasjonale sporten dy’t as demonstraasjesport yn 'e beneaming kamen foar de Olympyske Spullen fan 1928 wienen bôgesjitte, rugby, kegelje, kuorbal en keatsen. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 902 (sjoen op 5 novimber 2010). De earste trije opsjes foelen, om ferskate redenen, al gau ôf, wêrnei’t keatsen en kuorbal oerbleaunen as mooglike ûnderdielen. De ôfspraken mei it Nederlânske Keatsbûn wienen al frij betiid makke. It bûn hie sels al in brief tastjoerd krigen dêr't yn sein waard dat it keatsen sa goed as wis keazen wurde soe as demonstraasjesport, der moast lykwols al rekkenskip mei hâlden wurde dat der op it lêst dochs noch in oare sport keazen wurde koe. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 903 (sjoen op 5 novimber 2010). Lang om let keas it Nederlânsk Olympysk Komitee dochs foar kuorbal en net foar it keatsen, om't Baron Van Tuyll van Serooskerken, foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee, it Nederlânske Kuorbalbûn al tasein hie dat kuorbal de demonstraasjesport wurde soe by de Spullen. The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 903 (sjoen op 5 novimber 2010).

Om't der dochs al heale ôfspraken makke wienen mei it Keatsbûn waard letter besletten om it keatsen ‘ûnoffisjeel’ ta te litten as demonstraasjesport. Der waarden twa demonstraasjes jûn op it krikketfjild.

As ynternasjonale demonstraasjesport waard lacrosse ferkeazen boppe hânbal, basketbal, pelota (in balsport út it Spaansk-Baskelân en Kataloanje en besibbe oan it keatsen), kanofarre en glima (in wrakselsport út Yslân). The Ninth Olympiad - Amsterdam 1928: Official report siden 907 (sjoen op 5 novimber 2010).

Keunstwedstriden Foar de fjirde kear waarden op de Olympyske Spullen keunstwedstriden hâlden. Yn fiif kategoryen waarden medaljes útrikt foar wurken dy't ynspirearre wienen troch spor; arsjitektuer, literatuer, muzyk, skilderjen en byldhouwen. Nei de Olympyske Spullen fan 1928 waard troch it YOK besletten dat de keunstwedstriden net langer in offisjeel part fan it olympyske barren wienen. De wedstriden binne net mear yn de databank werom te finen en komme ek net foar yn de medaljespegel fan de Olympyske Spullen fan 1928.

Lokaasjes thumb|right|200px|Loftfoto fan it Olympysk Stadion ûnder de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spullen. thumb|right|200px|It Harry Elte Stadion, dêr't it hokky-evenemint fan de Spullen hâlden waard. Foar de Olympyske Spullen fan 1928 waard gebrûk makke fan fjirtjin lokaasjes foar it beoefenjen fan de sporten.