Berend Alring (Lier, ± 1755 - Snits, 3 jannewaris 1824) wie steatelid en boargemaster fan Snits.
Soan fan Harmen A. en Grietje Waima, wynhanneler, mennist, troud mei Hinke Bakker, wie fan 1814-1822 boargemaster fan Snits, en fan 1814-1823 lid fan de Steaten fan Fryslân. Fan him is yn de Provinsjale Bibleteek fan Ljouwert in hânskrift mei de titel: Nieuwe en opsigtelijk voetmaat en coupletten juiste vertaling van C.F. Gellerts Geestelijke Oden en Liederen.
Kategory:Eastfrysk keapman Kategory:Eastfrysk politikus Kategory:Eastfrysk oersetter Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Snits Kategory:Frysk oersetter Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1755 Kategory:Persoan stoarn yn 1824