Sicco Ernst Willem Roorda van Eysinga (Batavia, 8 augustus 1825 - Clarens (Switserlân, 23 oktober 1887) wie in militêr, sjoernalist, publisist en sosjalist mei anargistyske sympatyen. Hy publisearre ûnder de skûlnammen Chremes, Djojo, Pak Maria en Sentot.

Libben en wurk Hy wie de soan fan Sytze Roorda fan Eysinga (*Snits 1772), predikant, en Geertruida Catharina Dibbetz. Yn 1867 troude er mei Selinda Elizabeth Bolomey, by wa't er in dochter en twa soannen krige. Nei it ferstjerren fan syn frou yn 1875 troude er op 'en nij mei Jenny Louise Duvoisin, hja krigen fjouwer dochters.

Nei in stúdzje oan de Militêre Akademy yn Breda hat Sicco Ernst Roorda van Eysinga as offisier alve jier, oant 1855, yn it Yndyske leger tsjinne. Wie doe in tal moannen sjoernalist en behearder fan in kofjeplantaazje, en waard doe yngenieur by de Ynjeske oerheid. Under de skûlnamme Sentot skreau er de Vloekzang yn Multatuli syn Max Havelaar (hjir te lêzen). Al earder hie er omtinken frege foar de earmoede en ûnderdrukking fan de Javanen. Hy waard ferballe út Nederlânsk-Ynje yn 1864 fanwegen in artikel yn de Java-Bode en gie werom nei Nederlân.

Doe't it him dúdlik waard dat er gjin earewerstel krije soe en ek net in pinsjoen oer syn Ynjeske jierren, ferfear er yn 1872 nei Rolle, oan de Mar fan Sjenêve, yn Switserlân, mar bleau wol publisearjen yn Nederlânske blêden (benammen dy mei Multatulianen yn de redaksje); ek misstannen yn Nederlânsk-Ynje holden syn omtinken. Henri Roorda (1870-1925), syn soan, waard opbrocht oan de iggen fan de Mar fan Sjenêve. Hy waard skriuwer fan ûnder mear Mijn zelfmoord en is wol omskreaun as de 'grutste humorist' fan Frânsktalich Switserlân.

Fan Eysinga waard yn 1886 meiwurker oan it sosjalistysk blêd Recht voor Allen (redaksje û.o. syn freon Domela Nieuwenhuis). Bekend is syn briefwikseling mei Multatuli, dy't er tige bewûndere (útjûn troch Fr. Douwes Dekker-Hamminck Schepel, 1907).

Yn febrewaris 1887 ferskynt yn De Haach de anonime brosjuere Uit het leven van Koning Gorilla, in húnskrift tsjin kening Willem III, dêr't letter fan dúdlik waard dat Roorda van Eysinga de skriuwer wie.

Publikaasjes In kar-út: Eenige denkbeelden over goedkoope spoorwegen op Java. Soerabaja, 1864 Trekt Nederland batige saldoos ten koste van Java?. Amsterdam, 1865 Mijne verbanning en mijn vloekzang. Amsterdam, 1866 Uit het leven van Koning Gorilla. De Haach, 1887. Yn de ynlieding fan de werprintinge út 1987 wurdt de auteurskwestje ferdútst. Verzamelde stukken. De Haach 1889

Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk yngenieur Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk anargist Kategory:Fryske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1825 Kategory:Persoan stoarn yn 1887 Kategory:Skiednis fan Yndoneezje