thumb|Saco Reinalda yn Chronique ofte Historische geschiedenisse van Vrieslant fan Pier Winsemius, 1622

Sako Reinalda wie in figuer út in sêge oer de skiednis fan Fryslân. Oer de historisiteit besteane gjin boarnen of bewizen.

Yn de sêge wurdt Reinalda (keazen 1150- 1167) ta sânde potestaat fan Fryslân. Soe dêrmei Gosse Ludigman opfolge hawwe. Sako Reinalda, soms skreaun as Rengnalda, fan Westernijtsjerk wie twaris Potestaat fan Fryslân, en hie it rjocht om gouden en sulveren munten te slaan (0. Sc, 27).

De soan fan Sako wie Wilko Reinalda, dy't troude mei in dochter fan Juw Gales Galama. Juw Gales Galama krige yn 1155 in treddepart fan it Kreiler Wâld takend troch Keizer Freark I Barbarossa (1152-1190). Hy waard letter opfolge troch Sikko Sjaerdema.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Potestaat fan Fryslân Kategory:Haadling Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Legindarysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 12e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1167