thumb|Ursula Andress yn 2006 Ursula Andress (Ostermundigen (kanton Bern), 19 maart 1936) is in Switsersk aktrise. Hja is benammen bekend as Bond girl Honey Ryder yn Dr. No, de earste James Bond-film. Om har swiere aksint is har stim yn de film net brûkt, de teksten waarden letter ynsprutsen troch Nikki van der Zyl. Foar de rol as Bond girl barde Ursula Andress in fergoeding fan 10.000 dollar.
De skriuwer fan de James Bond-boeken Ian Fleming wie sa wei fan de ferskining Ursula Andress, dat hja in rol krige yn it boek On Her Majesty's Secret Service. Letter kaam se werom as Bond girl yn de offisjeuze Bond-film Casino Royale (1967).
Ursula Andress wie in bekend sekssymboal yn de jierren '60. It stuit dat hja sjongendewei yn allinnich in bikiny út de Karaïbyske See stapt yn Dr. No heart ta de meast bekende fragminten út de James Bond-films. Dizze sêne wurdt parodiearre yn it twadde part fan de Austin Powers-trilogy.
List fan films en rollen
Film Jier Rol Oantekeningen Un americano a Roma 1954 La catena dell'odio 1955 Le avventure di Giacomo Casanova 1955 Dr. No 1962 Honey Ryder Fun in Acapulco 1963 Marguerita Dauphin 4 for Texas 1963 Maxine Richter Once Before I Die 1965 Alex Nightmare in the Sun 1965 Frou She 1965 Ayesha What's New, Pussycat? 1965 Rita Les Tribulations d'un chinois en Chine 1965 Alexandrine Pinardel La decima vittima 1965 Caroline Meredith Ingelske titel: The 10th Victim The|Blue Max 1966 Grevinne Kaeti von Klugermann Casino Royale 1967 Vesper Lynd/007 Anyone Can Play/Le dolci signore 1968 Norma The Southern Star 1969 Erica Kramer Perfect Friday 1970 Britt Soleil rouge 1971 Cristina Ingelske titel: Red Sun Five Against Capricorn 1972 L'ultima chance 1973 Michelle Nolton Colpo in canna 1974 Nora Green L'infermiera 1975 Anna Africa Express 1975 Madeleine Cooper Le avventure e gli amori di Scaramouche 1975 Josephine De Beauharnais Safari Express 1976 Miriam Spogliamoci così senza pudor 1976 Ingelske titel: Sex With A Smile 2 La montagna del dio cannibale 1978 Susan Stevenson Ingelske titel: The Mountain of the Cannibal God Doppio delitto 1978 Principessa Dell'Orso Double Murder The Fifth Musketeer 1979 Louise de la Vallière Letti selvaggi 1979 De Swalker en de widdo Ingelske titel: Tigers in Lipstick Clash of the Titans 1981 Aphrodite Krasnye kolokola, film pervyy - Meksika v ogne 1982 Mabel Dodge Manimal 1983 Karen TV Liberté, égalité, choucroute 1985 Marie-Antoinette Peter the Great 1986 Athalie TV-rige Falcon Crest 1987 to 1988 Madame Malec TV-rige Klassäzämekunft 1988 Man Against the Mob: The Chinatown Murders 1989 Betty Starr TV Il Professore - Diva 1989 Susy Kaminski TV Fantaghirò 3 1993 Xellesia TV-rige Fantaghirò 4 1994 Xellesia TV-rige Alles gelogen 1996 Cremaster 5 1997 Queen of Chain Vogelpredigt, Die 2005
Kategory:Switsersk model Kategory:Switsersk filmakteur Kategory:Switsersk telefyzje-akteur Kategory:Switserdútsk persoan Kategory:Switsersk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1936