thumb|right|250px|foto fan Harry Truman Harry S. Truman (Lamar (Missoury), 8 maaie 1884 – Independence (Missoury), 26 desimber 1972) wie in Amerikaansk steatsman. Hy waard yn 1945 de 33e Presidint fan de Feriene Steaten.

Skiednis Harry Truman waard yn 1934 en 1940 foar de Demokraten keazen ta senator yn Missoury. Yn 1944 waard hy troch presidint Roosevelt oanwiisd as fise-presidint en doe't de presidint yn april ferstoar waard er troch Truman opfolge. Presidint Truman stiet bekend as in krêftich en beslútfeardich bestjoerder. Troch him waard it beslút naam om de atoombom te brûken yn de kriich tsjin Japan. Yn 1947 formulearre hy de Trumandoktrine dêr't de beheining ('cointainment') fan de Russyske driging mei besocht waard. Yn dat kader passe û.o. de ôfkundiging fan it Marshallplan en de oprjochting fan de NATO. Yn 1948 fersloech Truman syn republikeinske tsjinstanner.

Kategory:Amerikaansk federaal politikus Kategory:Presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Demokratyske Partij) Kategory:Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Demokratyske Partij Kategory:Fise-presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk fise-presidintskandidaat (nominearre troch de Demokratyske Partij) Kategory:Politikus yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1884 Kategory:Persoan stoarn yn 1972