De Paadwizer oan de Siemen de Jongstrjitte is ien fan de twa PKN-tsjerken yn Balk. It ûntwerp is fan arsjitekteburo Steen en Tuinhof. De tsjerke waard yn 1982 as grifformearde tsjerke yn gebrûk nommen en ferfong de âlde tsjerke oan de Gaaikemastrjitte. De oare tsjerke fan de PKN-gemeente is de eardere herfoarme tsjerke, It Breahûs.

Oargel It oargel is yn 1985 troch de firma Mense Ruiter Oargelbou (Súdwâlde), Grinslân), boud. Yn 1990 binne noch inkele ûntbrekkende registers yn setten.

Disposysje Haadwurk (manuaal 2): Bourdon 16' - Octaaf 8' - Octaaf 4' - Mixtuur 2' 2-4 sterk (1990) - Trompet 8'. Rêchwurk (manuaal 1): Prestant 8' - Holpijp 8' - Octaaf 4' - Octaaf 2' - Cornet 2⅔' 3 sterk diskant - Mixstuur 1⅓' 3-4 sterk - Dulciaan 8' (1990). Boppewurk (manuaal 3): Fluit doux 8' - Viola di Gamba 8' (C-H in Fluit doux) - Fluit d'amour 4' - Nasard 3' (1990) - Speelfluit 2'. Pedaal: oanhong oan it Haadwurk. Keppelingen: Rêchwurk oan Haadwurk - Boppewurk oan Haadwurk. Tremulant heule wurk.

Meganyske sleepladen. Manuaalomfang: C-f3. Pedaalomfang: C-d1. Wyndruk: 72 mm. WK.

Sjoch ek It Breahûs

Keppeling om utens Ynformaasje oargel Organicum Frisicum

Kategory:Bouwurk yn Balk Kategory:Tsjerkegebou yn De Fryske Marren Kategory:Tsjerkegebou yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Bouwurk út 1982