Jacob Jorrit Bergsma (Aldeboarn,1 febrewaris 1986) is langebaanrider en maratonrider. Treent yn 2012 ûnder Jillert Anema fan de BAM-ploech.

Biografy Soan fan Anne en Japke Bergsma. Jorrit Bergsma rydt yn it seizoen 2010-2011 foar it BAM team. Op 10 oktober 2009 wûn Bergsma de earste wedstriid om de DSB Bank Cup"Kazach Jorrit Bergsma wint in Alkmaar eerste schaatsmarathon" BN De Stem, 12 oktober 2009. Yn it seizoen 2009-2010 besocht er him foar Kazakstan te pleatsen foar de Olympyske Spullen. By it nasjonale kampioenskip yn it Russyske Tsjeljabinsk wûn Bergsma de 5000 meter yn 6.28,21 minuten, inkele hûndertsten hurder as in pear wike dêrfoar. Bergsma hie him dêrmei pleatst foar de wrâldbekerwedstriden in Berlyn. De ISU liet de Nederlânske Kazakken net starte en Bergsma besleat letter om it Kazakse aventoer net troch te setten"Marathonschaatsers toch geen Kazachen" Nieuws.nl, 3 jannewaris 2010. Letter dat seizoen wûn Bergsma yn Eastenryk de Alternative Alvestêdetocht"Bergsma wint Alt. Elfstedentocht" De Telegraaf, 30 jannewaris 2010.

Op 10 febrewaris 2010 wûn Bergsma it Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis yn Súdlaren, troch yn in sprint meiflechter Douwe de Vries te ferslaan. Yn 2012 wurdt er wer Nederlânsk Kampioen op natueriis yn Emmen.

Tidens de Olympyske Winterspullen 2014 yn Sotsjy wint Bergsma de tsien kilometer.

Persoanlike records OfstânTiidDatumBaan50038,25 27 desimber 2014Thialf Hearrenfean10001.14,3021 desimber 2014Thialf Hearrenfean15001.47,082 novimber 2013Calgary30003.39,7914 maart 2013 Thialf Hearrenfean50006.06,9310 novimber 2013Calgary1000012.37,7228 desimber 2020Thialf Hearrenfean

Resultaten Maraton 2010-2011 Alternative Alvestêdetocht Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natoeriis Omgong fan Deurswâld

2011-2012 Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis

2012-2013 Iepen Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis (Weissensee)

Resultaten Langebaan jier NK Ofstannen WK Ofstannen OlympyskeSpullen 2010 5 km Kazaks kampioenskip 2011 5 km Nederlânsk kampioenskip 2012 5 km 10 km 10 km 2013 5 km 10 km 5 km 10 km 2014 5 km 10 km 5 km 10 km

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn Aldeboarn Kategory:Persoan berne yn 1986