It Breahûs oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk is ien fan de twa tsjerken, dy't de PKN-gemeente Balk ryk is. De oare tsjerke is de moderne, eardere grifformearde tsjerke oan de Siemen de Jongstrjitte, dy't 'De Paadwizer' hjit.

Beskriuwing De eardere herfoarme tsjerke is in ryksmonumint út 1728 fan master-timmerman Roelof Saegman. It sealgebou hat in fjouwersidige koarsluting; de foargevel foarmet strjittemuorre mei in topgevel; ûnder de oansetkrollen stiet anno 1728.

Ynterieur De preekstoel is fersierd mei fykwurk en krekt lykas it doopstek 18e-iuwsk.

Yn de tsjerke steane twa 18e-iuwske famyljebanken. It brânskildere raam út 1729 is as oantinken skonken by de bou fan de tsjerke. Oare glês-yn-leadramen binne skonken troch de herfoarme frouljusferiening.

De toer hie twa klokken, mar yn de Twadde Wrâldkriich binne beide klokken foardere en nei de befrijing is mar ien werom kommen.

De tsjerke waard yn de jierren 1997-1998 restaurearre.

Oargel It oarspronklik ienklaviers oargel mei oanhongen pedaal waard yn 1843 boud troch G.W. Loman en H.B. Loman. Yn de rin fan de tiid brochten J.J. Harkema en de bruorren Reil en A. Zuiderhof feroarings oan. Tsjintwurdich hat it oargel 20 registers ferdield oer twa manualen en pedaal.

Sjoch ek De Paadwizer (Balk)

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Bouwurk yn Balk Kategory:Tsjerkegebou yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Tsjerkegebou yn De Fryske Marren Kategory:Ryksmonumint yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út 1728