Freerk (Dirks) Fontein (Harns, 31 desimber 1777 - dêre, 28 febrewaris 1843) wie in Harnzer keapman, letterkundige en bestjoerder.

Freerk Fontein wie oprjochter fan de "Firma Freerk Dirks Fontein, zeehandelaren en vennootschap tot het drijven van handel in het algemeen" en hy wie fise-konsul foar de Prusen yn Harns. Yn 1827 rjochte er tegearre mei Franciscus Binkes en Hendrik Amersfoordt it Friesch Genootschap op. Hy troude yn 1798 mei Eva van Dalsen wêrmei't er op Salwert ûnder Frjentsjer wenne. Hy ferstoar yn 1843 te Harns.

Fontein liet in grutte samling boeken, platen en hânskriften nei, dy't yn 1847 ferkocht waarden. As letterkundige makke Fontein him fertsjintlik troch it útjaan fan it wurk fan Jancko Douwama. Yn 1829 waard er lid fan de Maatskipppij fan de Nederlânske Letterkunde.

Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk boekesamler Kategory:Frysk diplomaat Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1777 Kategory:Persoan stoarn yn 1843 Kategory:Skiednis fan Frjentsjer Kategory:Frysk Genoatskip