De wolf (wittenskiplike namme: Canis lupus), ek wol grize wolf of gewoane wolf neamd ta ûnderskie fan oare soarten hûneftigen dy't 'wolf' hjitte, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis). In wyfke wurdt in wolvinne neamd. Dit bist komt foar yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, hoewol't syn histoaryske ferspriedingsgebiet noch folle grutter wie. Op in protte plakken is er troch de iuwen hinne útrûge troch de minske. Yn Fryslân is er yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren nei in ôfwêzichheid fan trijehûndert jier weromkeard. De wolf is in mânsk rôfdier en de grutste libbene soarte fan alle hûneftigen. Hy is lykwols nau genôch besibbe oan lytsere soarten út deselde famylje, lykas de goudjakhals (Canis aureus) en de prêrjewolf (Canis latrans), om mei harren fruchtbere krusings te produsearjen. Wolven binne behalven karnivoaren ek sosjale bisten dy't yn ridels libje. Se jeie mei-inoar en kinne dêrtroch proaien oan dy't folle grutter binne as sysels. Der binne fan 'e wolf mear as tritich wylde ûndersoarten. De hûn (Canis lupus familiaris) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e wolf. Ek de dingo (Canis lupus dingo), de ferwyldere hûn fan Austraalje, is in ûndersoarte fan 'e wolf. De IUCN klassifisearret de wolf as net bedrige.
Etymology As wurd komt "wolf" etymologysk fan it Oergermaanske *wulfaz, dat sels wer tebek giet op 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *wĺ̥kʷos. It soe skoan kinne dat dyselde woartel ek de oarsprong foarmet fan 'e Latynske namme foar it bist, lupus, fia de tuskenfoarm *lúkʷos.
Taksonomy De wolf (Canis lupus) is in hûneftige, dy't heart ta tûke fan 'e echte hûnen (Canini) en dêrbinnen ta de ûndertûke fan 'e wolfeftigen (Canina). Ta dy groep wurde behalven de wolf ek bgl. de sealjakhals (C. mesomelas), de streekte jakhals (C. adustus) en de hyenahûn (C. pictus) rekkene. Binnen de wolfeftigen heart de wolf mei û.o. de Abessynske wolf (C. simensis), de goudjakhals (C. aureus), de prêrjewolf (C. latrans) en de útstoarne reuzewolf (C. dirus) ta it skaai fan 'e hûnen (Canis). De neiste sibbe fan 'e (grize) wolf is wierskynlik de reade wolf (C. rufus), al binne net alle saakkundigen it dermei iens dat dy in aparte soarte foarmet. De hûn (C. l. familiaris) en de dingo (C. l. dingo) fan Austraalje wurde ornaris as ûndersoarten fan 'e (grize) wolf beskôge.
De wolf ûntstie likernôch 1,1 miljoen jier lyn, doe't er him losmakke fan 'e prêrjewolf (C. latrans). De ôfstamming fan 'e wolf (Canis lupus), sa't wy dy hjoed oan 'e dei kenne, fan 'e eardere Etruskyske wolf (C. etruscus) en de Mosbachwolf (C. mosbachensis) is ûnder saakkundigen rûnom akseptearre. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de hûn him 20.000 jier lyn fan 'e wylde wolf ôfspjalte.
Fersprieding Algemien foarkommen De wolf is lânseigen yn it grutste part fan it Noardlik Healrûn, útsein Súdeast-Aazje, Midden-Amearika, it binnenlân fan it Arabysk Skiereilân, de Sahara yn Noard-Afrika en Afrika besuden de Sahara. Troch bejaging troch de minske is syn ferspriedingsgebiet sûnt de Midsiuwen lykwols gâns beheind. Sa komt er tsjintwurdich yn Noard-Afrika, Japan en op 'e Britske Eilannen hielendal net mear foar en hat er in fragmintarysk, fersnipele areaal op it fêstelân fan Jeropa en op it Yndysk subkontinint. Op it eilân Grut-Brittanje waard de lêste wolf yn 1684 deade en op it eilân Ierlân yn 1770. Yn Japan waard de lêste wolf yn 1905 deamakke. Yn Jeropa binne de grutste oaniensletten wengebieten fan 'e wolf te finen yn it Skandinavysk Heechlân fan Sweden en Noarwegen, it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân, de Apeninen fan Itaalje en de bercheftige kriten fan 'e Balkan.
In grut, oaniensletten areaal hat de wolf yn Finlân, it Baltikum, Jeropeesk Ruslân, Wyt-Ruslân, de Kaukasus, Sibearje, Sintraal-Aazje, Mongoalje, Koreä, it noarden, de midden en it westen fan Sina, de Himalaya, Iraan, Anatoalje en by de kusten fan it Arabysk Skiereilân lâns. Yn Noard-Amearika bestiet ek in grut oaniensletten ferspriedingsgebiet, dat Alaska en it meastepart fan Kanada en westlik en súdlik Grienlân omfiemet. Yn Kanada ûntbrekt de wolf inkeld op 'e Grutte Flakten fan Manitoba, Saskatchewan en Alberta, yn it suden fan Ontario en Kebek, yn 'e Kanadeeske Kustprovinsjes en op it eilân Nijfûnlân.
Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten wie de wolf oant fier yn 'e tweintichste iuw hielendal útrûge, mar sûnt de 1990-er jierren is er op eigen krêft út Kanada wei weromkeard yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Montana. Yn 'e oanbuorjende steat Idaho en yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming, en ek yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, yn it noarden fan 'e steaten Minnesota, Wiskonsin en Michigan, is de wolf troch reyntroduksje troch de minske werombrocht. Datselde jildt foar ferskate beskerme natoergebieten yn it Amerikaanske Súdwesten en teffens yn noardlik Meksiko, dêr't de wolf yn it wyld ek útstoarn wie.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân Om 1800 hinne kaam de wolf yn Nederlân noch yn ridlik grutte oantallen foar, mar om't men it bist doedestiden as skealik ûngedierte seach, waard er geandewei de njoggentjinde iuw útrûge troch it fieren fan in opsetlike kampanje dêrta. Yn 1897 waard foar it lêst in wolf yn Nederlân waarnommen, by Heeze, yn Noard-Brabân, mar dat moat in ienlike swalker west hawwe, mei't der doe al ferskate desennia lang gjin ridels mear yn Nederlân fêstige wiene. It tinken is dat de lêste yn Nederlân fêstige wolf yn 1869 deade waard by Schinveld, yn Súd-Limburch. Ek yn Belgje wie de wolf tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw útstoarn. Yn Noard-Nederlân wie dat al folle earder it gefal. De lêste wolf yn 'e provinsje Fryslân waard yn 1712 by Wolvegea deasketten.——, Lêste Fryske wolf 300 jier lyn, op: Omrop Fryslân, 29 april 2012. Yn 1772 waard yn it súdeasten fan 'e Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn it oanbuorjende East-Fryslân, yn Dútslân, waard yn 1738 yn 'e omkriten fan Jever foar it lêst in wolf deasketten.——, Wolven tsjogge op Fryslân oan, yn: It Nijs, 25 augustus 2011.
Mear as hûndert jier lang wiene wolven yn 'e Benelúks inkeld yn dieretunen te sjen. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam der yn Nederlân in diskusje op gong oer de winsklikheid om 'e wolf te reyntrodusearjen yn 'e frije natoer. Dat late net ta aksje foar't de wolf oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw op eigen krêft weromkearde troch fersprieding út populaasjes út Dútslân wei. Fan 2010 ôf wiene der hieltyd faker meldings fan wolven yn Nederlân.
Yn 2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen by Duiven, yn Gelderlân.——, Wolf gesignaleerd bij tankstation in Gelderland, yn: Trouw, 2 septimber 2011. Yn july 2013 waar by Luttelgeest, yn it Suderleech, in kadaver fûn wêrfan't Naturalis, it Nederlânsk Sintrum foar Bioferskaat yn Leien, letter fêststelde dat it yndie in wolf wie. Neffens de earste berjochten wied er by Luttelgeest omkommen trochdat er oanriden wie troch in auto. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat der yn 'e omkriten fan it plak dêr't it kadaver fûn wie, nearne printen fan wolvepoaten te finen wiene. Ek hie de wolf by syn dea (dielen fan) in bever yn 'e mage, dy't er krekt opfretten hie. Mei't bevers doe yn of deunby it Suderleech net foarkamen, hold Faunabehear Flevolân it derop dat de wolf yn Dútslân deariden wie en doe by wize fan grap by Luttelgeest dellein wie.——, "Dode wolf als grap neergelegd", yn: de Ljouwerter Krante, 12 july 2013, s. 24.——, Deade wolf dellein as grap, yn: It Nijs, 13 july 2013. Yn 2015 doek der in jonge wolf yn Drinte op,——, Wolf duikt op in Drenthe, op: de NOS, 7 maart 2015——, Wolf gespot op diverse plekken in Drenthe, op: RTV Noard, 7 maart 2015. dy't neitiid ek troch Grinslân teach.——, (Update) Overzicht: volg de route van de wolf, op: RTV Noard, 11 maart 2015——, Wolf gespot bij Meppen, op: Nu.nl, 6 maart 2015——, Wolf in Drenthe en Groningen was een wilde, op: de NOS, 2 april 2015. Op de A28 tusken Meppel en Hoogeveen waard yn 2017 in wolf deariden.——, Wolf doodgereden op snelweg in Drenthe, op: Nu.nl, 3 maart 2017. Yn Walloanje waarden yn 2011, bij Gedinne yn Namen, en yn 2016, by Masbourg yn 'e provinsje Lúksemburch, de earste wolven waarnommen. Yn jannewaris 2018 waard yn Flaanderen de earste wolf sinjalearre.——, Eerste wolf gespot in Vlaanderen in meer dan 100 jaar, yn: Nieuwsblad, 13 jannewaris 2018.
Yn Fryslân waard op 14 april 2018 by Appelskea, yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld, foar it earst in bist filme dat op in wolf liek. Dy nacht wiene earder by Boyl al trije skiep deabiten. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de wolf yn 2018 yndied werom wie yn Fryslân.——, Wolfdeskundigen: dier bij Appelscha is vermoedelijk een wolf, yn: it Deiblêd fan it Noarden, 15 april 2018. Yn it twadde wykein fan maaie waard ek in wolf by Bontebok sinjalearre; dyselde nacht wiene yn buordoarpen Langsweagen en De Knipe trije skiep deabiten, wat ek op it konto fan 'e wolf skreaun waard.——, Veehouder Heida van Bontebok stond oog in oog met een wolf, yn: de Ljouwerter Krante, 14 maaie 2018, s. 3. Omtrint dyselde tiid waard fêststeld dat de earste wolf him permanint yn it Drintsk-Fryske Wâld fêstige hie. Yn desimber fan dat jier waard deselde fêststelling dien foar de Feluwe.——, Vrouwtsjeswolf vindt domicilie op Veluwe, yn: de Ljouwerter Krante, 27 desimber 2018, s. 30. It wachtsjen wie doe op 'e foarming fan 'e earste ridel. Dat moat yn it foarjier fan 2019 bard wêze, mei't yn juny fan dat jier op 'e Feluwe trije wolvejongen te wrâld kamen, de earsten yn Nederlân yn hast oardel iuw.——, Zeker drie jonge wolfjes op Veluwe, yn: de Ljouwerter Krante, 20 juny 2019, s. 9.
Yn desimber 2019 waard yn Fryslân foar it earst in wolf op byld fêstlein. Dat barde troch in kamera fan Natuermonuminten súdlik fan Bakkefean., Het rechercheren naar de Friese wolf kan beginnen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 desimber 2019, s. 25. Ein maaie 2021 waard yn Fryslân foar it earst in wolf deariden, op 'e N381 by Appelskea, by de ôfslach nei de camping De Roggeberg. It gie om in jongfolwoeksen mantsje. Earder wiene der skiep by Ketlik, Jobbegea en De Fochtel deabiten. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de deariden wolf dêr ferantwurdlik foar wie.——, Deariden wolf Appelskea wie yn goeie kondysje en wage mear as 40 kilo, op: Omrop Fryslân, 26 juny 2021.
Uterlike skaaimerken De wolf is de grutste hûneftige, mei in spiersterk, streamline uterlik dat evoluëarre is om in toprôfdier te wêzen. De foar- en efterpoaten binne like lang, oars as by bgl. hyena's, sadat wolven in lykwichtich stal hawwe. De kop is grut en wurdt dominearre troch in sterk nei foarren ta útstykjende snút, dy't einiget yn in stompe swarte noas. De trijehoekige earen binne boppe-op 'e kop posisjonearre en binne mei in lingte fan 9–11 sm relatyf lyts yn ferhâlding ta de earen fan oare hûneftigen. De wolf ûnderskiedt him fierders fan syn sibben troch in bredere snút, in koartere romp en in langere sturt. De tosken fan in wolf binne grut en swier, en gaadlik foar it stikkenbiten fan bonken, hoewol't se dêr ek wer net sa foar spesjalisearre binne as it gebit bgl. fan in hyena.