Melbourne is de haadstêd en grutste stêd fan de Australyske dielsteat Fiktoaria. Nei Sydney is Melbourne de twadgrutste stêd fan Austraalje. De Melbourne City Centre (ek bekend as it "Central Business District"; "CBD") is it middelpunt fan it gruttere metropoalgebiet. Yn juny 2009 hie it metropoalgebiet sa likernôch fjouwer miljoen ynwenners.Melbourne’s population hits 4 million, The Age.com.au (sjoen op 29 oktober 2010)
De stêd leit oan de noardkant fan de grutte natuerlike Port Phillip-baai, mei it stedssintrum oan de mûning fan de rivier de Yarra. It metropoalgebiet rekt him dan út nei it suden, lâns de east- en westkant fan Port Phillip en it binnenlân yn. It stedssintrum leit yn it stedsdiel City Of Melbourne, de metropoal bestiet fierders út noch 30 stedsdielen.
Melbourne waard stifte yn 1835 troch kolonisten dy’t fan Van Diemen’s Land kamen. De delsetting waard yn 1837 troch Richard Bourke nei William Lamb, 2nd Viscount Melbourne neamd. Melbourne waard offisjeel ta stêd ferklearre troch Keninginne Fiktoaria yn 1847. Yn 1851 waard it de haadstêd fan de nije koloanje Fiktoaria. En yn dat selde jier waard yn de omkriten fan Melbourne goud fûn.History of Melbourne, OnlyMelbourne.com.au (sjoen op 4 jannewaris 2011) It ynwennertal fan de stêd groeide hurd troch de komst fan nije ymmigranten. Yn 1865 wie Melbourne de grutste stêd fan Austraalje.Melbourne 2028 - Olympic Bid sjoen op 4 jannewaris 2011 Nei de federaasje fan Austraalje yn 1901 waard Melbourne de haadstêd fan it lân. De nasjonale oerheid wie oant 1927 fêstige yn ‘e stêd.
Melbourne is it wichtichste ekonomyske, kulturele en politike sintrum fan Fiktoaria. Yn Melbourne wenje in soad ymmigranten út Sina, Grut-Brittanje, Itaalje, Kroaasje, Grikelân en Fietnam.
Neffens ûndersyk fan "The Economist" is Melbourne yn de jierren 2002, 2004, 2005, 2011 en 2012 útroppen ta de Meast Brûzjende Stêd fan de Wrâld.A Summary of the Liveability Ranking and Overview, eiu.com (sjoen op 21 jannewaris 2013
Geografy thumb|right|250px|Kaart fan Melbourne.
Melbourne leit yn it súdeasten fan Austraalje en yn it súdwesten fan de steat Fiktoaria, sa likernôch 14 meter boppe seenivo. It stêdgebiet hat in oerflak fan 1.705 km².
De stêd leit om de grutte Port Phillip Baai hinne, dy baai foarmet de mûning fan de rivier de Yarra, dy’t troch de stêd streamt. Melbourne rekt him út nei it easten ta oant de Yarra Delte en it Dandenong Berchtme en it Yarra Berchtme yn it easten. Nei it noarden ta rekt de stêd him út nei de heuveleftige bosken oan de sydrivieren fan de Yarra. Nei it súdeasten grinzet de stêd oan it skiereilân Mornington.
De grutste strannen fan Melbourne lizze yn de súdeastlike bûtenwiken fan de stêd, oan de kust fan de Port Phillip Baai, yn gebieten lykas Port Melbourne, Albert Park, St. Kilda, Elwood, Brighton, Sandringham, Mentone en Frankston. Der binne ek strannen yn de westlike bûtenwiken Altona en Williamstown. De surfstrannen dy’t it tichtstby de stêd lizze, lizze sa’n 85 kilometer súdeastlik fan it sintrum fan Melbourne.
Klimaat Melbourne leit in de subtropyske klimaatsône. De trochsneed jiertemperatuer leit op 14,9 graden Celsius. De waarmste moanne is febrewaris mei in trochsneedtemperatuer fan 20,2 graden Celsius. De kâldste moanne is july, mei 9,7 graden Celsius yn trochsneed.
Melbourne is yn de wintertiid kâlder as de oare haadstêden fan de Australyske dielsteaten. De leechste temperatuer ea mjitten is -2,8 graden Celsius op 4 july 1901. Sniefal komt lykwols hast net foar; de meast resinte kear dat der snie foel yn de binnenstêd wie op 25 july 1986Snow misses CBD lunch appointment, The Age.com.au (sjoen op 26 oktober 2010) en de lêste kear dat snie foel wie yn ien fan de eastlike bûtenwiken wie op 10 augustus 2005.Snow falls in Melbourne, SHM.com.au (sjoen op 26 oktober 2010) Wol komt froast en dize foar yn de winter.
Yn trochsneed is de jierlikse delslach is 656 millimeter. De measte rein falt yn oktober, trochstrings 67 milimeter. De meast drûge moanne is jannewaris, mei 48 millimeter delslach gemiddeld.
It klimaat fan Melbourne is bekend om syn wiffens. Dat komt benammen troch de lokaasje fan Melbourne op de grins fan it waarme binnenlân en de kâlde Súdlike Oseaan. Dizze temperatuerwiffens komt it meast foar yn de maitiid en de simmermoannen en kin foar sterke kâldwaarfronten soargje. Dy kâlde fronten kinne foar alle soarten min waar soargje, fan hagel oant tonger en stoarm, grutte temperatuersdalingen en swiere reinfal. It waar yn Melbourne wurdt wol mei de sin four seasons in a day ("fjouwer seizoenen op in dei") oantsjutten. Klimaat, Take a trip (sjoen op 28 oktober 2010)
Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier Heechste temp. °C 45,6 46,6 41,7 34,9 28,7 22,4 23,1 26,5 31,4 36,9 40,9 43,7 46,4 Trochsneed temp. heech °C 25,9 25,8 23,9 20,3 16,7 14,0 13,4 14,9 17,2 19,6 21,9 24,2 19,8 Trochsneed temp. leech °C 14,3 14,6 13,2 10,7 8,6 6,9 6,0 6,7 7,9 9,5 11,1 12,9 10,2 Leechste temp. °C 5,5 4,5 2,8 1,5 -1,1 -2,2 -2,8 -2,1 -0,5 0,1 2,5 4,4 -2,8 Reinfal mm 47,6 47,3 50,2 57,3 56,2 49,2 47,7 50,2 57,9 66,2 59,5 59,2 648,5 Boarne: Bureau of Meteorology Climate statistics for Australian locations Bureau of Meteorology (sjoen op 29 oktober 2010)
Skiednis Iere skiednis thumb|left|250px|Oankomst fan de kolonisten yn Melbourne (Wilbraham Liardet)
Fan de tweintichste oant de tsiende iuw foar de kristlike jiertelling waard Melbourne en de neiste omkriten bewenne fan sa likernôch 20.000 jagers-samlers fan trije ynlânske regionale stammen, de Wurundjeri, Boonwurring en Wathaurong. Gary Presland, The First Residents of Melbourne's Western Region, (revised edition), Harriland Press, 1997. ISBN 0-646-33150-7. Presland says on page 1: "There is some evidence to show that people were living in the Maribyrnong River valley, near present day Keilor, about 40,000 years ago."Gary Presland, Aboriginal Melbourne: The Lost Land of the Kulin People, Harriland Press (1985), Second edition 1994, ISBN 0-9577004-2-3. This book describes in some detail the archeological evidence regarding aboriginal life, culture, food gathering and land management, particularly the period from the flooding of Bass Strait and Port Phillip from about 7\u201310,000 years ago, up to the European colonisation in the nineteenth century. It gebiet wie in wichtich moetingsplak foar de stammen fan de Kulin en in boarne foar skjin wetter en iten. De earste Europeeske delsetting yn Fiktoaria ûntstie yn 1803 oan de Sullivan Baai, deunby it hjoeddeiske Sorrento, mar de delsetting waard ferlitten troch in tekoart oan iten.
Yn maaie en juny 1835 waard it gebiet dat no sintraal en noardlik Melbourne is ferkend troch John Batman, in liedend lid fan de Tasmaanske Port Philip Association, dy’t ûnderhannelen oer in gebiet fan 2.400 km² mei acht Wurundjeri-âlden.Settlement to City, City of Melbourne (sjoen op 25 oktober 2010) Batman selektearre in gebiet oan de noardiggen fan de rivier de Yarra, yn syn deiboek skreau er dat dit it plak wêze moast dêr’t in delsetting komme moast.Melbourne geschiedenis, Australië.nl (sjoen op 25 oktober 2010) Batman gie werom nei Launceston op Tasmaanje. Lykwols, doe’t in delegaasje fan de Association yn it gebiet oankaam om dêr in delsetting te stiften hie in oare groep al, organisearre en stipe troch John Pascoe Fawkner, op 30 augustus 1835 al in delsetting stifte. De twa groepen kamen der lykwols ta om de delsetting te dielen.
It is net wis hoe’t Melbourne neamd waard foar de komst fan de Europeanen. Iere Europeanen setten de Aboriginal-wurden "Doutta-galla" ferkeard oer, der waard tocht dat it de namme fan in foaroansteand lid fan in stam wie, mar it hat nei alle gedachten in Aboriginal-wurd west foar "beamleaze flakte".What’s in a name?, Strathmore Community Online (sjoen op 25 oktober 2010) Dochs waard dizze namme brûkt as ien fan de earste nammen fan de koloanje.John Gardiner and John Hepburn, The History of Prahran (sjoen op 25 oktober 2010)
Batman syn ferdrach mei de Aboriginals waard annulearre troch de oerheid fan Nij-Súd-Wales (dy’t yn dy tiid it bewâld oer hiel east-Austraalje hie), dy’t de Association dêrfoar kompensearre.Settlement to City, City of Melbourne (sjoen op 25 oktober 2010) De kolonisten hienen troch harren oanwêzigens yn it gebiet de wet fan Nij-Súd-Wales oertreden. De oerheid stie de delsetting mei tsjinsin ta. Ut dy tiid binne ferskate nammen oerlevere, lykas ‘Batmania’About Melbourne, Victoria.org.au (sjoen op 25 oktober), ta.
Yn 1836 ferklearre gûverneur Bourke de stêd ta administrative haadstêd fan it Port Philip Distrikt fan Nij-Súd-Wales en hy joech opdracht ta it útfieren fan de earste strjitteplan fan de stêd, de Hoddlie Grid, yn 1837.Streets and Roads, City of Melbourne (sjoen op 25 oktober 2010) Letter dat jier krige de stêd de namme Melbourne, nei de doetiidske Britske Minister-Presidint William Lamb, 2e Viscount Melbourne, dy’t wenne yn it doarp Melbourne yn Derbyshire. It postkantoar waard op 13 april 1837 iepene en krige de namme Melbourne. Melbourne waard ta stêd ferklearre troch Keninginne Fiktoaria op 25 juny 1847, dy ferklearring is fêstlein yn in oarkonde.Geschiedenis Melbourne, Take a trip (sjoen op 25 oktober 2010)
It Port Philip Distrikt waard in aparte koloanje fan Fiktoaria yn 1851, mei Melbourne as haadstêd. Geschiedenis Melbourne, Take a trip (sjoen op 25 oktober 2010)
Fiktoriaanske goudkoarts thumb|right|250px|It tintekamp by Melbourne yn de tiid fan de goudkoarts.
It ûntdekken fan goud yn 1851 yn Fiktoaria late ta de Fiktoriaanske goudkoarts. Melbourne waard in wichtige havenstêd en levere tsjinsten foar de regio. De stêd groeide hurd, yn in pear moanne tiid groeide de stêd fan 25.000 ynwenners nei 40.000 troch ymmigranten dy’t ryk wurde woenen mei it goudsykjen. Dêrnei groeide de stêd fierder. Tsjin 1854 wie it ynwennertal waakse oant 300.000 ynwenners.History of Melbourne, OnlyMelbourne.com.au (sjoen op 4 jannewaris 2011) Yn 1865 wie Melbourne Sydney foarby stjitten as grutste stêd fan Austraalje.
Troch it grutte tal ymmigranten, benammen Ieren, Dútsers en Sinezen, ûntstienen krottewiken en sels in tydlik tintekamp oan de súdkant fan de rivier de Yarra. Sineeske migranten stiften in Chinatown yn 1851, dy’t noch hieltyd bestiet en no de langst besteande Sineeske delsetting yn de Westerske Wrâld is.Chinatown Melbourne (sjoen op 25 oktober 2010) Nei de Eureka Opstân waard de sitewaasje foar de mynwurkers yn Melbourne better troch grutte politike feroarings yn de koloanje. De ferskate nasjonaliteiten dy’t belutsen wienen yn de Eureka Opstân joegen in byld fan de migraasjestreamen yn de twadde helte fan de 19e iuw.
It groeien fan it ynwennertal en de stream fan goud nei de stêd soarge foar in perioade fan de bou fan machtige steatige Fiktoriaanske bouwurken. Geschiedenis Melbourne, Take a trip (sjoen op 25 oktober 2010) Gebouwen dy’t ek hjoed de dei noch oerein stean en in wichtich part fan it stedsbyld útmeitsje. Melbourne geschiedenis, Australië.nl (sjoen op 25 oktober 2010) Gebouwen dy’t út dizze tiid komme binne ûnder oare it Parlemintsgebou (Parliament House), de Treasure Building, de Old Melbourne Gaol, de Victoria Barracks, it gebou fan de Steatsbibleteek fan Fiktoaria (State Library), it Heechgerjochtsgebou (Supreme Court), de Universiteit fan Melbourne, it General Post Office-gebou, it Gûverneursgebou (Government House), it gemeentehûs fan Melbourne (Melbourne Town Hall), St. Pauls Cathedral, St. Patrick’s Cathedral, de Queen Victoria Market en in stikmannich oare gebouwen. Troch al dy bouwurken út dy tiid liket de binnestêd fan Melbourne op dy fan Europeeske binnenstêden.Melbourne, de tweede stad van Australie, Reisgenieten.nl (sjoen op 25 oktober 2010) De binnenste bûtenwiken fan Melbourne waarden mei bûlevaren en tunen mei inoar ferbûn. Melbourne waard yn de njoggentjinde iuw in wichtich finansjeel sintrum, dêr’t ferskate banken en de Melbourne Stock Exchange fêstige wienen.