thumb|De skriuwster fan it boek (yn 'e minskewrâld) J.K. Rowling It Ingelsk boek Fantastic Beasts and Where to Find Them is in boek beskreaun yn 'e Harry Potterrige likegoed as in boek útjûn troch 'e útjouwer Bloombury yn Ingelân, fan 'e skriuwster J.K. Rowling.

It boek yn 'e tsjoenderswrâld Yn 'e wrâld fan Harry Potter is it boek skreaun troch Newt Scamander, in tsjoenderssoölooch. Yn it boek wurden magyske bisten beskreaun, dy't oer 'e hiele wrâld te finen binne. Op Swiniastate moat eltse tsjoenderslearling it boek hawwe.

It boek yn ús wrâld Yn it echt is it boek njonken it boek Quidditch Through the Ages skreaun troch J.K. Rowling, wêrfan de opbringst foar de stifting Comic Relief wie. Yn it boek stiene oantekenings, sabeare makke troch Harry Potter en syn freonen. Op 'e flap fan it boek stiet dat it boek skreaun is troch Newt Scamander, krektas yn 'e tsjoenderswrâld.

Kategory:Literêr wurk fan J.K. Rowling Kategory:Harry Potter Kategory:Fantasyliteratuer Kategory:Jeugdliteratuer Kategory:Fiktyf neislachwurk Kategory:Ingelsktalige literatuer Kategory:Literêr wurk út 2001 Kategory:Literatuer oer mytyske wêzens Kategory:Literatuer oer tsjoenderij