Hurdfytsen is ien fan de sporten dy't op it program fan de Paralympyske Simmerspullen steane. De sport bestiet út twa dissipines baanhurdfytsen en dykhurdfytsen. De sport is tagonklik foar hurdfytsers mei in fisuele beheining, fytsers mei in harsensferlamming, amputaasje en fytsers mei in lichaamlike beheinings, bygelyks troch in dwerslesy of iepen rêch. Der wurdt gebrûk makke fan in racefyts -(twatsjiller), -trijetsjiller, tandem as in fêstframehânfyts.

Klasifikaasje De fytsers wurde klassifisearre ôfhinklik fan harren funksjonele mooglikheden, dit klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining, mei inoar stride kinne. 2008 Tandems B Fisueel beheinden Twatsjillers LC1: Minimale as gjin beheiningen oan de fuotten LC2: Fytsers mei in beheining yn ien foet, mar dy mei beide fuotten fytse kinne, sûnder gebrûk te meitsjen fan in proteze. LC3: Fytsers mei in beheining fan in foet mei as sûnder earmfunksje. De measten traapje mei ien foet. LC4: Fytsers mei in gruttere beheining oan beide fuotten, mei as sûnder earmfunksje. CP3 in gemiddelde beheinings mei de kar foar in twatsjiller. CP4: minst slimme beheinings; se brûke twatsjillers Trijetsjillers CP1: fytsers mei slimme beheinings; se brûke trijetsjillers CP2: in gemiddelde beheinings mei de kar foar in trijetsjiller. Hânfytsen HC A: Fytsers mei de slimste beheinings; folslein ferlies fan de romp en foetfunksje as oare slimme komplekse beheinings. HC B: Fytsers mei folslein ferlies fan de foetfunksje mar mei in bytsje stabyliteit yn de romp. HC C: Mei folslein ferlies fan de foetfunksje mar mei minimale oare beheinings as gedieltlik ferlies fan de foetfunksje yn kombinaasje mei oare beheinings. 2012 Tandems B Fisueel beheinden Twatsjillers Fytsers dy't net op in normale fyts fytse kinne yn ferbân mei ien as meardere amputaasjes fergroeiing, ferlamming as in harsesferlamming C1: C2: C3: C4: C5 Trijetsjillers fytsers mei in harsesferlamming dy't dreech yn lykwicht bliuwe kinne en dêrom op in trijetsjiller fytse. T1: T2: Hânfytsen Fytser mei in beheining oan har fuoten. Sy fytse mei harren earmen, wêr't twa posysjes mooglik binne: lizzend as op 'e knibbels. H1: Fytsers mei dwerslesy heger as T1 as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining H2: Fytsers mei dwerslesy fan T1 oant T10 as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining H3: Fytsers mei dwerslesy fan T11 en leger mar dy't net op 'e knibbels fytse kinne as in selde funksjonearjen ta gevolg fan in oare motoryske beheining H4: Fytsers mei dwerslesy fan T11 en leger dy't op 'e knibbels fytse kinne.

Regels By de Paralympyske hurdfytse binne de standertrigels fan de hurdfytse fan tapassing.

Skiednis It hurdfytsen stie yn 1984 op it programma, as demonstraasjesport. Yn 1988 stie it foar it earst echt op it programma allinne foar manlju. Fjouwer jier letter wiene de froulju ek wolkom en waarden der ek mingde ûnderdielen hâlden. De tandems diene yn 1992 foar it earst mei en fanôf 1996 stiet it baanhurdfytsen ek op it programma. De hânfytsers binne sûnt 2004 wolkom op de spullen.

Sjoch ek Baanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen Dykhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen

Keppeling om utens Hurdfytsen op de side fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee