thumb|Max Kohnstamm op 94-jierrige leeftyd Max Kohnstamm (Amsterdam, 22 maaie 1914 - dêre, 20 oktober 2010) wie in Nederlânsk skiedkundige en diplomaat.
Biografy Wie ien fan de earste foarfjochters foar gearwurking binnen Europa. As yntellektueel wie Kohnsstamm yn de Twadde Wrâldoarloch finzen setten yn Kamp Haaren. Hy kaam doe ta de konklúzje dat oarloch allinnich foarkomd wurde koe as der ekonomyske foarspoed en gearwurking yn Europa is. In wolfarrend Dútslân wie neffens him foar Nederlân fan it grutste belang.
Kohnstamm waard bekend as sekretaris fan keninginne Wilhelmina. Hy wie yn 1952 belutsen by de oprjochting fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, dêr't letter de EU út fuortkaam.
Bibliografy Wilhelmina: een levensgeschiedenis in foto's, 1948, gearstald troch Jane de Jongh en Max Kohnstamm 'Nog is er geen oorlog': briefwikseling tusken Max en Philip Kohnstamm 1938-1939, 2001, bewurke troch Dolph Kohnstamm, Amsterdam University Press, ISBN 90-5629-201-3 Still no war: A Correspondence Between Two Dutchmen - son Max and father, Philip Kohnstamm, 2003, London: Athena Press, ISBN 1-84401-055-4 Brieven uit 'Hitlers Herrengefängnis', 2005, besoarge en fan in ynlieding foarsjoen troch Edmond Hofland. Amsterdam, De Bezige Bij, ISBN 90-234-1559-0 De Europese dagboeken van Max Kohnstamm. Augustus 1953-September 1957, 2008, besoarge en fan in ynlieding foarsjoen troch Mathieu Segers. Amsterdam: Boom ISBN 978-90-8506-548-7 Max Kohnstamm. Leven en werk van een Europeaan., A.G. Harryvan & J. van der Harst, 2008, Utert: Het Spectrum, ISBN 978-90-274-4123-2
Keppeling om utens De eeuw van Kohnstamm. Max Kohnstamm oer de takomst fan Europa, yn de telefyzjerige, Tegenlicht, VPRO, 7 septimber 2003 Max Kohnstamm yn de kranterige Tien geboden, Trouw, 4 juny 2005 It argyf fan Max Kohnstamm by it IISG yn Amsterdam Ferstjerrensberjocht fan Max Kohnstamm, de Volkskrant Ferstjerrensberjocht mei libbensbeskriuwing fan it European Policy Centre yn Brussel
Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 2010