thumb|right|300px|Oostenstein Oostenstein, ek: Wassenberg of It sintimeterfabryk, wie in state oan it eastlike ein fan destiidske beboude kom fan Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan it bûten is neat werom te finen.
It bûten waard yn 1829 stichte troch Hermanus Klugkist Hesse op sawat itselde stee dêr't de Juma State alias Buma State stien hie. Hy hat lang wille fan syn nije hûs hân, want yn 1883 wenne hy der noch stees. Letter wenne der in notaris. Algra skreau om 1960 dat der “thans” noch Oostenstein bestie, mar dat de gloarjetiid foarby wie. It park wie al foar it meastepart ferdwûn. Dêr wie in sportpark foar yn 't plak komd. It âlde hearehûs waard doe gedieltlik brûkt as pleats, der wennen meardere húshâldings yn en ek it sintimeterfabryk siet der yn.
It hûs waard yn 1972 ôfbrutsen. Der liket noch in lyts stikje fan it park oer te wêzen. Bewenners Hermanus Klugkist Hesse
Kategory:State Kategory:Kollum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Kollumerlân Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1829 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1972