thumb|200px|De berch fan Kollum thumb|right|300px|koart foar de ôfbraak Oostenburg wie in state út ±1773 yn Kollum en stie súdeast fan de tsjerke op it stee fan it eardere Jellema steenhuys. It hjoeddeiske gebou stiet yn de westlike hoeke fan de Oostenburgstrjitte en it Heech Pypke.
Bewenners 1773 – 1780 Eyso de Wendt 1780 – 1809 Eco de Wendt 1809 – 1834 Leonardus de Wendt 1834 – 1836 Anne Regnerus de Wendt en mei-erfgenamten
Yn 1838 waard it gebou (foar in part) ôfbrutsen en de grutte tún ferkavele. Op de oerbliuwsels fan Oostenburg feriisde in wurkhûs. Letter hat it gebou noch oare sosjale funksjes hân en yn de jierren 1982-1984 is it restaurearre en jeugdsintrum wurden. Op in stik fan it terrein waard yn 1925 de troch E. Reitsma ûntwurpen grifformearde tsjerke set.
Kategory:State Kategory:Kollum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Kollumerlân Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1773 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1838