Fungus wie in Nederlânske Folkband oprjochte yn Flaardingen en wie aktyf tusken 1972 en 1979. De band brocht yn 1974 syn debútalbum Fungus út. Hoewol't de band folk muzyk spile seagen de bandleden de band sels dochs foaral as popgroep. Fungus hat fiif studio-albums útbrocht.

Skiednis Yn 1972 waard Fungus te Flaardingen oprjochte troch Fred Piek en Bob Dekenga, en justjes letter oanfolle mei Kees Maat. Yn 1973 kamen Sido Martens en Koos Pakvis de band fersterkjen, wylst toetsenist Dekenga de groep ferliet. Ynearsten spile de groep Angelsaksyske folk, Mar nei't Piek him ferdjippe hie yn de thúsopnamen fan fjildwurker Ate Doornbosch, gearstaller fan it NOS radioprogramma Onder de Groene Linde, waard yn 1974 in earste album útbrocht mei foar de helte Ingelske en foar de helte Nederlânske tradisjonele muzyk. Yn 1974 kaam drummer Louis Debij by de groep, en kearde Dekenga werom as ferfanger fan Maat, om yn 1976 de groep definityf te ferlitten. Yn 1975 hie Martens de groep al ferlitten en wie ferfongen troch Rens van der Zalm. It twadde album (1975) en tredde album (1976) fan Fungus befettet allinnich mar Nederlânske tradisjonele muzyk, mar it fjirde album (1977) befettet inkeld Britske tradisjonele muzyk. Nei't drummer Debij Fungus ferlitten hie yn 1978, wiene allinnich Piek, Pakvis en Van der Zalm noch oer, en waard ein dat jier besletten de band op te heffen. Yn 1979 kaam noch in sechsde album út, dat foar de helte Ingelske en foar de helte Nederlânske tradisjonele muzyk befettet. Yn 1984 wie der noch in ienmalich reünykonsert en yn 2000 ferskynde der noch in Kompilaasje-album. Yn in nije besetting joech Fungus sels wer inkelde konserten. Fan de orizjinele besetting wiene yn alle gefallen Fred Piek, Sido Martens en Louis Debij fan de partij.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht yn Label Single(s) Fungus1974NegramFarewell To Tarwathie,Kaap'ren VarenLief Ende Leid1975Een Boer Ging Naar De WeiVan de Kiel naar Vlaring1976Het Haagse GarnalenmeisjeMushrooms1977Fiddler JohnDe kaarten zijn geschud1979UniverseDe Moord Te Raamsdonkveer

Kompilaasje-album Album Utbrocht ynThe Fungus Collection2000

Keppeling om utens Fungus bio Fred Piek en Fungus webside

Kategory:Nederlânske folksmuzykband Kategory:Nederlânske popgroep Kategory:Band oprjochte yn 1972 Kategory:Band opheft yn 1979