thumb|right|300px|Botniastate (Dominicus Cannegieter) Botniastate is in eardere state en stie by Marrum oan de Hege Hearewei. Dêr't de Tsjerkewei op dizze dyk oanslút leit in ferhege midsiuwsk wenplak, dat archeologysk beskerme is. De state bestie nei alle gedachten al foar 1200 mar wurdt yn 1418 foar it earst neamd, it lângoed as als tho Bottingen yn 1511. It wie it stamhûs fan de haadlingefamily Botnia, dy't har wenplak letter ferlei. It bleau oant it útstjerren fan dy family om 1708 eigendom fan de Botnia's, mar it wie doe al iuwen in gewoane buorkerij.
Troch de iere "ferhuzing" fan de Botnia's fan Eastergoa nei Westergoa is Botnia nei 1511 allinnich as pleats bekend en net as represintative ‘residinsje’ fan aadlik laach. Cannegieter besocht yn 1862 nei in ôfbyld op in sulveren leppel in rekonstruksje te tekenjen. It resultaat, in gebou fan ien wenlaach en in nuver raketeftich tuorke, is net botte befredigjend. Tsjintwurdich is it stee net beboud.
Bewenners 1400 Ode Botnia (?) 1418 Yornd Bottyngha 1422 Fecke Botnya oant 1462 Tzaling Botnia 1481, 1487, 1491 Fecke Botnia 1511, 1524 Juw Botnia 1547 Fecke Botnia oant 1606 Fokel Botnia 1610 Juw (Douwes) Botnia 1621 Doecke Botnia 1640 – 1673 Fokel van Botnia, brûker Dirk Taeckes 1673 – 1708 Helena (Douwesdr) fan Botnia en Watze fan Burmania fam. Botnia fan Burmania fam. Van Idsinga
Kategory:State Kategory:Marrum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw