De Haniastate stie yn Weidum, earder de gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel. De State grinze oan de Dekemastate en lei der fuort ten suden fan, tusken de hjoeddeiske huzen Hegedyk 1 en 3. Op dit stee stiet no in pleats.

De state waard om 1200 boud. Doe wenne hjir Viglius (Wigle) Hania, dy't yn 1199 de tsjerke fan Weidum boude mei help fan de konversen fan it kleaster Lúntsjerk. Om 1400 wenne dêr Gaele Hania, de sibbe freon fan Sytse Dekema.

Nei 1640 waard de state meastal ferhierd. Yn 1977 waard de pleats dy't no op it stee stiet bewenne troch in family Holtrop.

Bewenners ± 1200 Viglius Hania ± 1400 Gaele Hania om 1977 fam. Holtrop

Kategory:Weidum Kategory:State Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Littenseradiel Kategory:Stins of state yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1200 Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw