thumb|Bauke Roolvink yn 1968 Bauke Roolvink (Wytgaard (gem. Ljouwerteradiel), 31 jannewaris 1912 - Baarn, 25 novimber 1979) wie in Nederlâns politikus.
Bauke Roolvink wie in soan fan Dirk Roolvink (1884-1963) en Elske Hoekstra (1880-1970).Genealogie online
De grifformearde Roolvink wie in ARP-politikus. Hy wie in eardere metaalarbeider en fakbûnsbestjoerder, dy't him yn 1959 troch Zijlstra oerhelje liet om steatssekretaris yn it kabinet-De Quay. Earder hie er noch krityk utere op de gearstalling fan dat kabinet. Yn it kabinet-Cals/Vondeling wie er fraksjelieder. Hy stimde tsjin de moasje-Schmelzer, hoewol't er it der ynhâldlik mei iens wie. As minister van Sosjale Saken yn it kabinet-De Jong kaam syn minne ferhâlding mei de fakbeweging ta in djiptepunt nei skeel oer de Leanwet wêrmei't er yngripe koe yn de leanen. Yn 1971 kaam er werom yn de Twadde Keamer. Yn 1977 naam er ôfskied fan de aktive polityk.
Literatuer D. Schaafsma: Bauke Roolvink, zijn levensverhaal en politieke terugblik, 1978 Jan H. Kompagnie: Roolvink, Bauke (1912–1979), yn: Biografisch Woordenboek van Nederland, diel II, s. 470 (Online)
Keppeling om utens Biografy op www.inghist.nl
Kategory:Frysk fakbûnslieder Kategory:Frysk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk fakbûnslieder Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk minister fan Folkssûnens Kategory:Nederlânsk minister fan Sosjale Saken Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wytgaard Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1979