Nicolaas Baur, ek Nicolaus Bauer, Nicolaus Baur (Harns, 12 septimber 1767 - dêre, 28 maart 1820), wie in keunstskilder.

Hy wie de soan fan portretskilder Henricus Antonius Baur (1736 - 1817). Hy skildere lânskippen en stedsgesichten. Hy makke ek moanneljocht- en wintertafrelen, mar wie it meast súksesfol mei syn seeskilderijen. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste lettere Nederlânske skilders fan seegesichten. Hy makke oaljeferven en wie behangskilder. Hy stoar yn Harns yn 1820.

Wurk fan him is te finen yn it Ryksmuseum Amsterdam, it Frysk Museum en it Hannemahûs yn Harns, mar ek noch yn âlde wenhuzen. Wurk

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1767 Kategory:Persoan stoarn yn 1820