Carlo de Leeuw (Rotterdam, 12 desimber 1960 - dêre 13 febrewaris 2020) wie in Nederlânsk proffuotballer.
Karriêre De Leeuw syn karriêre begûn yn it seizoen 1975-1976 by Excelsior. It seizoen dêrnei makke er de oerstap nei Feyenoord, dêr't er fjouwer seizoenen efterinoar fuotballe. Hy kaam in hurtsje werom by Excelsior en spile dêrnei tusken 1983 en 1989 seis seizoenen by de Ljouwerter fuotbalklup Cambuur. Syn bynamme by Cambuur wie it Slangeminsk út Rotterdam en hy waard trije kear útroppen as foarhoedespiler fan it jier. De Leeuw wie in tûke technysk bejeftige spiler, mar mentaal net al te sterk. Hy sette yn totaal 22 doelpunten foar Cambuur. De Leeuw spile dêrnei ien seizoen by FC Eindhoven, ien by FC Volendam en eindige syn karriêre by Eindhoven in 1993. Op in reüny fan âld-Cambuurspilers yn 2007 waard er útroppen ta bêste middenfjilder fan alle tiiden.
Sûnt 2000 wie er materiaalfersoarger by it Nederlânsk alvetal en Feyenoord. Hy krige kanker oan de tonge, wêr't er yn de âldens fan 59 jier oan ferstoar. Hy lit in frou en twa dochters nei.
Earelist Feyenoord '''KNVB beker: 1979/80, 1980
As materiaalman KompetysjeAantalJierren Feyenoord 30x60px Earedifyzje 1x 2016/17 30x60px KNVB beker 2x 2015/16, 2017/18Johan Cruijff Skaal 2x 2017, 2018
Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Persoan berne yn 1960 Kategory:Persoan stoarn yn 2020