thumb|right|Jan Akkerman (1974)
Jan Akkerman (Amsterdam, 24 desimber 1946) is in Nederlânsk, ynternasjonaal ferneamd, gitarist. Hy hat op it konservatoarium sitten en spilet sawol elektryske as akoestyske gitaar en lúte. Doe't er in jier as sechstjin wie, spile er by de band Johnny and the Cellar Rockers en letter by The Hunters, dy’t in hit hienen meiThe Russian Spy and I. Op dy plaat foel Jan Akkerman al op om syn firtuoaze gitaarsolo. Dêrnei spile er by de band Brainbox, mei Kaz Lux (sang), André Reijnen (bas) en drummer Pierre van der Linden. Dy band hie ûnder oaren hits mei Down Man, Dark Rose en Woman's Gone.
Yn 1970 stapte er oer nei de groep Focus, mei Thijs van Leer (jodeler/sjonger, oargel- en fluitspiler), bassist Bert Ruiter en op ‘e nij mei drummer Pierre van der Linden. Mei dy band kaam er ta wrâldfaam mei Hocus Pocus en House of the King. Hy waard yn 1973 troch it muzykfakblêd Melody Maker útroppen ta 'bêste elektrysk gitarist fan de wrâld'.
Yn 1976 stapte Jan Akkerman út Focus en gong alinne fierder, mei ferskate muzikanten en muzykstilen. Hy makke in soad albums. Akkerman wenne in skoft oan de Terhernsterdyk by Akkrum.
Prizen en ûnderskiedingen Yn jannewaris 2005 waard him in "Gouden Harpe" takend fanwegen syn fertsjinste foar de Nederlânske 'lichte' muzyk. Op 11 april 2009 wûn Akkerman de fjirde [ Eddy Christiani Award ] fanwegen syn ynspirearjende bydrage oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk. Op 28 desimber 2012 is er ta gelegenheid fan syn fyftichjierrige karriêre yn 'e muzyk beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy hat dat jubileum fierd mei twa konserten, yn De Melkweg yn Amsterdam en yn de Oosterpoort yn Grins. Koninklijk lintje voor Jan Akkerman, De Telegraaf, 28 desimber 2012
Diskografy
Talent for Sale - 1968 Profile - 1972 Guitar for Sale - 1973 Tabernakel - 1973 Eli (mei Kaz Lux) - 1976 Jan Akkerman - 1977 Meditation - 1977 (mei Tony Scott) Aranjuez (mei Claus Ogerman) - 1978 Live - 1978 Jan Akkerman 3 - 1979 The Best of Jan Akkerman and Friends - 1979 Transparental (mei Kaz Lux) - 1980 Oil In The Family - 1980 Santa Barbara - Live in Kiel/Stuttgart (mei Joachim Kuhn) - 1981 Pleasure Point - 1982 Can't Stand Noise - 1983 From the Basement - 1984 It Could Happen To You - 1985 The Complete Guitarist - 1986 The Noise Of Art - 1990 Guitar Special - 1991 Puccini's Café - 1993 Blues Hearts - 1994 The Guitar Player - 1996 Focus in Time - 1996 10,000 Clowns On A Rainy Day - 1997 Live at the Priory - 1998 Passion - 1998 Live at Alexander's - 1999 C.U. - 2003 C.U.2 Live in Tokyo - 2007 Live in Concert - The Hague 2007 - 2007 Vlatko Stefanovski - Thunder From the Blue Sky - 2008 Jazzah - 2009 Fromage a Trois - 2009 Minor Details - 2011 North Sea Jazz - 2013 Close Beauty (Music Theories, 2019)
Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1946