De Encyclopedie van het hedendaagse Friesland is in Nederlânsktalige ensyklopedy oer Fryslân. De ensyklopedy moast in fuortsetting wêze fan de Encyclopedie van Friesland ûnder redaksje fan J.H. Brouwer en oaren (1958).

De ensyklopedy bestiet út 2 dielen en waard yn 1975 útjûn troch útjouwer Melis van Seijen fan Ljouwert. De redaksje bestie út Gerben Abma en Klaas Jansma. Diel I is in kompendium en alfabetysk gedielte A-N. Diel II hat it alfabetysk gedielte O-Z en in taheaksel Monumintejier 1975.

Sjoch ek Encyclopedie van Friesland Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

Keppelings om utens Tresoar: Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (edysje 2016) Encyclopedie van Friesland, digitaal (troch M.H.H. Engels, desimber 2012)

Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Ensyklopedy Kategory:Nederlânsktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1975