Breyten Breytenbach (Bonnievale, 16 septimber 1939 - Parys, 23 novimber 2024) wie een Súd-Afrikaansk skriuwer, dichter en keunstner mei de Frânske nasjonaliteit.

Libben Breytenbach waard berne yn Bonnievale, in doarp yn de West-Kaap, op sa'n 180 kilometer fan Kaapstêd en 100 kilometer fan de meast súdlike punt fan Afrika by Kaap Agulhas. Hy studearre keunst oan de Universiteit fan Kaapstêd en is in tawijd tsjinstanner fan apartheid wurden. Hy ferliet Súd-Afrika yn de jierren 1960 en ferfarde nei Parys. Hy troude in Frânske frou fan Fietnameeske komôf, Yolande Ngo Thi Hoang Lien. Ut reden fan rassewetjouwing koe er net werom nei syn heitelân. Op grûn fan de Wet op de Mingde Houliken (1949) en de Untuchtwet fan 1950 wie it in blanke nammentlik ferbean om in seksuele ferhâlding te hawwen mei in persoan fan in oar ras.

Yn Frankryk wie er meioprjochter fan Okhela, in groep fan ferballe persoanen dy't út it bûtenlân wei de apartheid bestride. Syn yllegaal ferbliuw yn Súd-Afrika yn 1975 waard ferret troch in mistrouwich ANC, dat hy waard fêstset en letter foar heechferried feroardiele ta njoggen jier finzenis. Nei druk fan it bûtenlân kaam er yn 1982 lykwols frij. Hy gie werom nei Parys en waard Frânsman.

Anno 2004 hâldt er út en troch ta yn Jeropa, Afrika en de Feriene Steaten. Sûnt jannewaris 2000 is er gastdosint psychology oan de Universiteit fan Kaapstêd en is er belutsen by it Gorée-ynstitút yn Dakar, Senegal en de Universiteit fan New York.

Breytenbachs wurk bestiet út dichtbondels, romans en essays, meast yn it Afrikaansk. Guon wurk hat in oersetting yn it Ingelsk krigen. Adriaan van Dis hat wurk yn it Nederlânsk oerset. Oar wurk is oarspronlik yn it Ingelsk útjûn. Breytenbach skildert ek. Der hawwe útstallingen fan syn skilderijen en ôfprintingen west yn Johannesburch, Kaapstêd, Hongkong, Amsterdam, Stockholm, Parys, Brussel, Edinboarch en New York.

Prizen 1968 - Reina Prinsen Geerligspriis foar Súd-Afrika foar Die huis van die dowe 1972 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar Lotus 1981 - Poetry International Earejild 1982 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar ien kear, foar syn hiele oeuvre 1995 - Jacobus van Looypriis foar it hiele oeuvre

Poëzij Die ysterkoei moet sweet, Johannesburch, 1964 Die huis van die dowe , Kaapstêd, 1967 Kouevuur, Kaapstêd, 1969 Lotus, Kaapstêd, 1970 Skryt. Om 'n sinkende skip blou te verf, Amsterdam, 1972 Met ander woorde, Kaapstêd, 1973 Voetskrif, Johannesburch, 1976 Sinking Ship Blues, Toronto, 1977 And Death White as Words. An Anthology, Londen, 1978 In Africa even the flies are happy, Londen 1978 Blomskryf (Karlêzing?) Emmarentia, 1979 Eklips, Emmarentia, 1983 Buffalo Bill, Emmarentia, 1984 Lewendoon, Emmarentia, 1985 Judas Eye, Londen - New York, 1989 Soos die so, Emmarentia, 1990 Nege landskappe van on s tye bemaak aan 'n beminde, Groenkloof, 1993 Die hand vol vere, Kaapstad, 1995 (karlêzing?) Oorblyfsels, 'n Roudig, Kaapstêd, 1997 Papierblom, Kaapstêd, 1998 Lady One, Kaapstêd, 2000 (Karlêzing leafdesgedichten) Ysterkoei-blues, Kaapstêd, 2001 (Samle gedichten 1964-1975) Lady One: Of Love and other Poems, New York, 2002 Die ongedanste dans, Kaapstêd, 2005 (Finzenisgedichten 1976–1983) Windvanger, Kaapstêd, 2007

Proaza Katastrofes, Om te vlieg, Kaapstad, 1971 (roman) De boom achter de maan, Amsterdam, 1974 Die miernes swell op ...), Emmarentia, 1980 (ferhalen) A Season in Paradise, Amsterdam - New York - Londen, 1980 (Roman, ûnsensurearre ferzje) Mouroir: Mirror Notes of a Novel, Londen - New York, 1983 The True Confessions of an Albino Terrorist, Londen - New York, 1983 Spiegeldood, Amsterdam , 1984 End Papers, Londen, 1985 (essays) Memory of Snow and of Dust, Londen - New York, 1987 (roman) Boek. Deel een, Emmarentia, 1987 (essays) All One Horse. Fiction and Images, Londen, 1989 Hart-Lam, Emmarentia, 1991 (essays) Return to Paradise. An African journal, Londen - New York, 1992 Memory of Birds in Times of Revolution Londen - New York, 1996 (essays) Dog Heart. A travel memoir, Kaapstêd, 1998 Woordwerk, Kaapstêd, 1999 Intimate stranger: a writing book, 2005 (Yntime frjemdling: in skriuwboek (oan frou Lêzeres, 2006) A veil of footsteps : memoir of a nomadic fictional character, Kaapstad : Human & Rousseau, 2007 (Wurdfûgel : tinkskriften fan in nomadyske romanfiguer, 2008)

Drama Boklied, 1997 The life and times of Johnny Cockroach, 1999 Die toneelstuk (ûndertitel Belydenis in twee bedrywe), 2001

Keppelings om utens Side oer Breytenbach oan de Universiteit fan New York Iepen brief oan Generaal Ariel Sharon (fan Breyten Breytenbach) Stellenbosch Writers'' http://www.goreeinstitute.org/

Kategory:Súdafrikaansk dichter Kategory:Súdafrikaansk romanskriuwer Kategory:Súdafrikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Súdafrikaansk publisist Kategory:Súdafrikaansk essayist Kategory:Skriuwer yn it Afrikaansk Kategory:Súdafrikaansk keunstskilder Kategory:Súdafrikaansk minskerjochte-aktivist Kategory:Súdafrikaansk heechlearaar Kategory:Frânsk dichter Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk essayist Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk minskerjochte-aktivist Kategory:Frânsk heechlearaar Kategory:Afrikaner persoan Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Afrikaner komôf Kategory:Frânsk persoan fan Súdafrikaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan staorn yn 2024